Hantumerútbuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Peazens - Verwijzing(en) gewijzigd naar De Peazens
Rigel 3:
 
== Untstean ==
Yn 'e rin fan de tiid krigen de [[Bernardinen|Bernardynske]] kleasters [[Klaarkamp]] by [[Rinsumageast]] en [[Kleaster Sion|Sion]] by [[Nijewier]] dêr lân yn besit. Se krigen sels safolle dat der besletten waard om der in úthôf te stiftsjen. De omjouwing wie der gaadlik foar. It lei iensum en oer de [[De Peazens|Peazens]] koenen de produkten ôffierd wurde. De úthôf is noait útgroeid ta in kleaster. Wol hawwe der splitsings pleatsfûn. Neist it [[Germerthûs]] waard it Nijenhûs boud. It is ek noch in twadde kear splitst Nijenhûs en Germerthûs bestienen doe út twa pleatsen. Germerthûs waard sa opsplitst ta it Germerthûs en it, no al lang ôfbrutsen, Kommerhûs.
 
Letter is de úthôf opheven en waard de grûn ferhierd en foar in part oan de hierder ferkocht. It hierkontrakt fan Germerthûs is bewarre bleaun. Douwe Syurts moast neist de hier fan 33 goudgûnen, it tûne reade bûter (maitiidsbûter) en sied foar in kwart [[pûnsmiet]] oan Sion leverje. Boppedat moast er sân weinen turf foar it kleaster út de [[Dokkumer Wâlden]] ophelje.
 
== Anders Minnes Wijbenga ==
De Fryske skriuwer en dichter [[Anders Minnes Wijbenga]] is op 25 oktober 1881 yn [[Nijewier]] krekt oan de oare kant fan de [[De Peazens|Peazens]] berne. Hy wie in soan fan Minne Andres Wijbenga. Dizze hie yn [[1876]] der in pleatske del sette litten. It wurdt no it ''Anne Minnes Wijbengahûs'' neamd. Formeel wie Wijbenga dus gjin Hantumerútbuorner. Doch wurdt hy troch de minsken fan 'de oare kant' as ien fan harren beskôge.
 
Yn syn boek ''Fan leed en lok'' (Snits, 1939) beskriuwt Wijbenga ek it ''Twapleatselân''. Hy hat dêryn folksferhalen fêstlein.