Ferskil tusken ferzjes fan "Aasterein"

23 bytes grutter ,  10 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Piiptsjilling - Verwijzing(en) gewijzigd naar Piiptsjilling (fûgel)
(boarne LC 8-11-2010 side 9)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Piiptsjilling - Verwijzing(en) gewijzigd naar Piiptsjilling (fûgel))
 
== Grië ==
Oan de eastkant fan Aasterein leit it bûtendykske kultuerlân de ''Grië''. Parten fan de gerslânperselen lizze mids elzesingel. Oare stikken greide wurde lykwols inkeldris troch seewetter oerspield en hawwe in sâltminnende fegetaasje. Op de Grië lizze fjouwer [[einekoai]]en, de ''Takkekoai'', de ''Jan Willemskoai'', de ''Horrekoai'' en de ''Rimkeskoai''. De Takkekoai is oanlein yn de [[17e ieu]], de oare trije yn de [[19e ieu]]. De fjouwer koaien binne apart bedike, om skea troch seewetter foar te kommen. Oarspronklik wienen de koaien allinnich oan de noardside mei bosk beplante. It suden fan de koai bleau ûnbeplante om einen fan it Waad te lokjen. Yn de koaien waard eartiids benammen [[Smjunt]], [[Pylksturt]] en [[Piiptsjilling (fûgel)|Piiptsjilling]] fongen. Tsjintwurdich is allinnich de Rimkeskooi noch yn bedriuw.
 
Op de Grië stiet ek de [[Wierskuorre]], in skuorre dêr't eartiids it op de [[Waadsee]] meande [[Smjuntegers]] yn droege waard. Dit seegers waard brûkt as folling fan kessens en bêden.
12.360

bewurkings