Teodoarik de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
SieBot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ro:Theodoric cel Mare
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ravenna - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ravenna (stêd)
Rigel 9:
Yn [[476]] hie it [[Germanen|Germaanske]] [[haadling|stamhaad]] [[Odoaker]] de lêste West-[[Romeinske Ryk|Romeinske]] [[keizer]] ôfsetten en himsels as kening fan Itaalje ûtroppen. Dizze Odoaker stjoerde de keizerlike [[regalia|tekens]] nei de keizer fan it easten [[Zeno|Zeno fan Byzantium]] yn [[Konstantinopel]], wêrmei Odoaker him feitlik deljoech oan Zeno. It westlik diel fan it Romeinske ryk krige gjin nije keizer en hâlde op te bestean.
 
De relaasje tusken Odoaker en keizer Zeno gong lykwols hurd efterút en de keizer besocht Odoaker fuort te krijen. Fierder hie Zeno ek syn nocht fan de Ostrogoaten yn syn ryk en dêrom joech hy yn [[488]] opdracht oan Diderik om mei syn kriichsmacht Itaalje yn te fallen. Diderik besocht it ferskate kearen, mar waard hieltyd fuort dreaun troch de legers fan Odoaker. Lang om let krige hy it toch foar mekoar om fêste foet te krijen yn Itaalje. Diskear slagge hy deryn om de troepen fan Odoaker te ferslaan, foar it earst yn augustus, oan de [[slach oan de Isonzo|Isonzo]], en letter, yn septimber by [[slach by Ferona (489)|Ferona]]. Lang om let oermastere Diderik yn [[493]] de haadstêd [[Ravenna (stêd)|Ravenna]] en makke in ein oan de macht fan Odoaker. Persoanlik brocht hy Odoaker om it libben.
 
Doe't Diderik Odoaker ferlein hie, stifte hy sels in keninkryk yn Itaalje. Dit ryk strekte har út fan [[Sisylje]] oant [[Pannoanje]]. Nettsjinsteande syn Germaanske komôf waard Diderik sawol troch de [[Romeinen]] as de Goaten as kening erkend. Yn Diderik syn ryk libbe elts folk ûnder har eigen wetten.