Kassiodoarus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - fuort: hu:Cassiodorus
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Ravenna - Verwijzing(en) gewijzigd naar Ravenna (stêd)
Rigel 3:
 
== Libben ==
Kassiodorus waard berne yn [[Scylletium]], tichtby [[Catanzaro]] yn it suden fan [[Itaalje]]. Hy sette syn wurkpaad útein as adviseur foar syn heit, dy't gûverneur wie fan [[Sisylje]], en waard op jonge leeftyd jurist. Tidens syn wurksume libben as [[kwaestor]] tusken 507-511, as [[konsul]] yn 514, dêrnei as ''[[magister officiorum]]'' ûnder Diderik, en dêrnei ûnder it regintskip fan Dideriks' jonge opfolger, [[Atalarik]], sammele Kassiodorus in protte ynformaasje oer syn tiid en lei it fêst op skrift. Oan it Goatyske hof, like syn literêre bekwaamheden sa affektearre en retoarysk dat it moderne lêzer opfalt. Alle kearen as er yn [[Ravenna (stêd)|Ravenna]] kaam, waarden wichtige offisjele dokuminten oan him tabetroud om tekene wurde te kinnen. Syn wurkpaad waard ôfsletten mei de beneaming as [[praetorian prefect]] foar Itaalje, wat tsjintwurdich oerienkomt mei earste minister, de heechste amtlike funksje.
 
Atalarik stoar yn 534, en de rest fan Kassiodorus' publike funksje waard karakterisearre troch de de Byzantynske ferovering fan Itaalje en dynastike yntriges fan de Ostrogoaten. Syn lêste brieven skreau hy yn namme fan Witigis. De opfolger fan Kassiodorus waard beneamd fanút Konstantinopel.