Sâltkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L foto Tresoar
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Reitdjip - Verwijzing(en) gewijzigd naar Reitdjip (rivier)
Rigel 4:
== Skiednis ==
=== Fort ===
It plak wurdt foar it earst neamd yn 1418 as '''Soltcampum'''. Faaks hat de namme te krijen mei it winnen fan sâlt út [[sâltfean]]. De earste ynwenners wienen wierskynlik soldaten, dy't letter folge waarden troch fiskers. Om 1580 hinne, yn de [[Tachtichjierrige Oarloch]] wie der in [[skâns]] ''Soltecampe'', boud oan de mûning fan it [[Reitdjip (rivier)|Reitdjip]] yn de Lauwerssee, as bolwurk fan de [[Spaanske Nederlannen]]. Yn de jierren dêrnei waarden út [[Fryslân]] wei, doe al part fan de lettere [[Republyk fan de Sân Feriene Nederlannen]], plondertochten troch wettergeuzen makke yn de omkriten fan Sâltkamp en waarden doarpen as [[Warfhuizen]] en [[Zuurdijk]] yn de brân set. Yn de neifolgjende jierren waarden plannen makke om de ferdigeningswurken yn de [[Ommelannen]] opnij te ferôverjen om sa de stêd [[Grins (stêd)|Grins]] oanfalle te kinnen. Op [[15 oktober]] [[1589]] sylde [[Willem Loadewyk fan Nassau]] mei 800 man út [[Eastmahorn]] nei de ''Soltkamp'' en ferôvere dat plak yn de saneamde [[Slach om de Soltkamp]].
 
It plak bleau dêrnei noch ieuwenlang in militêre festing. Ein [[18e ieu]], yn de [[Frânske tiid]], waard in fersterke kustbatterij oanlein, sadat it bolwurk doe in [[bastion]] mei in batterij oan de eastkant hie. Yn 1882 waard de militêre festing ophefd.