Tasitus (skriuwer): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: hu:Publius Cornelius Tacitus
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 5:
Tasitus is wierskynlik yn [[55]] berne yn in provinsjale famylje út Gallia Narbonensis ([[Fréjus]] of [[Vaison-la-Romaine]]) of Gallia Cisalpina ( [[Padua]] ). Yn [[77]] trout Tasitus mei de dochter fan de konsul fan dat jier [[Julius Agrikola]]. Agrikola is yn [[84]] weromroppen troch [[Domitianus]] út ''[[Britannia]]''. Agrikola ferdwynt nei de eftergrûn en sil yn augustus [[93]] ferstjerre, min ofte mear ferjitten. Syn testamint pakt lykwols net goed út foar syn frou, want neist har mem krijt ek de ''[[princeps]]'' - hoewol't dy earder noch ferkundige hat gjin erfenis oan te nimmen fan ien mei bern - syn diel met grutte begearigens.
 
Doch behinderet dit Tasitus net om in skitterjende politike karriêre út te bouwen. In pear jier nei syn houlik is hy wierskynlik al ''XX-vir'' ( preesterkolleezje besteande út 20 manlju ) ûnder [[Vespasianus]]. Troch G. Alföldy is der de tige oannimlike ynterpretaasje oppere dat Tasitus troch Titus oantsjutten is as ''[[quaestor Augusti]]'' ( persoan dy't de taspraken fan de keizer oan de [[Romeinske Senaat|Senaat]] skriuwt én foarlêst ), oan de hân fan in ynskripsje yn it grêfmonumint fan Tasitus oan de [[Via Nomentana]] yn [[Rome (stêd)|Rome]]<sup>[[#drie|3]]</sup>. Wierskynlik hat hy dizze funksje yn [[80]] of [[81]] - ten lêste yn 82. At hy ''[[quaestor (Rome)|quaestor]]'' west is yn [[81]], wol dit sizze dat hy én foar [[Titus]] én foar dy syn broer [[Domitianus]] wurdfierder wie, want Titus stjert op [[13 septimber]] [[81]]. No't hy eks-''[[quaestor (Rome)|quaestor]]'' is, wurdt hy opnommen yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]] as ''[[homo novus]]'' ( earste fan in famylje dy't yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]] sit hat ). Ut de ynskripsje (cf. supra) kinne wy ek opmeitsje dat hy yn [[84]] of [[85]] de funksje fan ''[[aedilis]]'' oerslacht en ta ''[[tribunus plebis]]'' keazen wurdt. Yn [[88]] is hy sels ''[[praetor]]'' ( funksje yn de rjochtspraak ) én lid fan it prestisjeuze preesterkollezje fan de Fyftjin of ''[[quindecimviri sacris faciundis]]''. Yn [[89]] wurdt hy foar fjouwer jier ôffurdige foar in post yn de provinsjes - dêr't net folle bekend oer is.
 
Wannear't [[Domitianus]] op [[18 septimber]] [[96]] fermoarde wurdt troch syn neiste omjouwing, hat de ûngefear fjirtichjierrige Tasitus sit as ''[[consul suffectus]]'' foar it jier [[97]] - nei alle gedachten noch oantsjutten troch [[Domitianus]] - yn de [[Romeinske Senaat|Senaat]]. Under [[Trajanus]] heart hy as eks-''[[consulaat (Romeinske Ryk)|konsul]]'' by de elite fan de [[romeinske Senaat|senatoren]] en stoart hy him op de skiedskriuwerij. Yn [[112]] en [[113]] is hy in jier lang gûverneur fan de provinsje ''[[Lyts-Aazje|Asia]]'', in fûlbegearde post. Hy is nei alle gedachten om [[120]] hinne stoarn as reputearre[[reedner]] én [[histoarikus]].