Karel V: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: zh-min-nan:Karl 5-sè
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 42:
== Italjaanske Oarloggen ==
Yn [[1515]] helle [[Frâns I fan Frankryk]] in grutte oerwinning yn de slach fan [[Marignano]] tsjin Milaan, dat tabehearde oan [[Ferdinand V fan Aragon]]. Yn [[1516]] lei hy Karel V, dy't ûnderwilens Ferdinand opfolge wie, de [[Frede fan Noyon]] ([[1516]]) op. Dêrnei smeide Karel in koalysje mei de Paus ([[Paus Leo X|Leo X]]) en de kening fan [[Ingelân]] ([[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]]). Yn de oarloch dêrnei ([[1521]]-[[1526]]) waard [[Frâns I fan Frankryk|Frâns I]] yn de [[slach by Pavia]] finzennommen. Karel V twong him om de [[Frede fan Madrid]] ([[1526]]) oan te nimmen, wêryn't Frâns I al syn oanspraken op [[Noard-Itaalje]] opjoech. Hast fuortendaliks ûntstie der in nij bûnsgenoatskip, wêr't Frâns I de spille fan wie, besteande út de [[Ottomaanske Ryk|Ottomaanske]] sultan ([[Süleyman I|Suleiman I]] de Grutte), [[Hindrik VIII fan Ingelân|Hindrik VIII]], en Paus [[Paus Klemens VII|Klemens VII]].
Karel fersloech earst de swakste fan syn tsjinstanners, de Paus. Yn [[1527]] plonderen syn troepen [[Rome (stêd)|Rome]] ([[Sacco di Roma]]). Dêrnei waard it troch de pest ferswakke Frânske leger ferslein foar de poarten fan [[Napels (stêd)|Napels]]. Doe sleat Karel V op'en nij in fredesferdrach mei Frankryk, de [[Damesfrede fan Kamerijk]] (1529), dat de bepalingen fan it Ferdrach fan Madrid befêstige.
 
[[Paus Klemens VII|Klemens VII]] waard ferplichte Karel ta keizer te kroanen ([[Bologna]], [[1530]]), de lêste keizerkroaning troch in paus yn de skiednis.