Ferskil tusken ferzjes fan "Willibrord"

13 bytes grutter ,  9 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
L (r2.7.1) (Bot - derby: da:Sankt Willibrord)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd))
Yn 690 reizge er mei tolve oaren, werûnder [[Werenfried fan Elst]], nei de Fryske kening [[Redbad]] om syn foarbyld Jesus Kristus te folgjen dy't ek omreizge om de blide boadskip te ferkundigjen. Hy besocht it heidenske [[Fryske ryk]] dat fan de [[Weser]] (Noard-[[Dútslân]] oant de [[It Swin (Brugge)|Swin]] yn [[Belgje]] rûn. It [[Fryske heidendom]] waard krekt as by oare [[Germanen|Germaanske]] folken sterk bepaald troch natuerferearing, mei hillige beammen en stiennen en wetter as libbensboarne. Yn de ûnstiene [[leginde]]n oer de apostel spilen de wetterboarne en putten in wichtige rol, omdat Willibrord tsjinoer de natueurferearing fan de Friezen Kristus sette as ienige en ivige boarne.
Yn tsjinstelling ta de [[missionaris|missymetoade]] fan de [[Ierlân|Iersk]]-[[Skotlân|Skotse]] muontsen, dy't by de evangelysaasje gjin systeem brûkten, organisearre Willibrord syn missy tige pragmatysk en goed trochtocht. Sa socht hy earst de beskerming by [[Pippyn II]], dy't de Fryske kening Redbad oer de [[Ryn]] ferdreaun hie, en fersekere er himsels fan de pauslike goedkarring doe't er nei twa swiere reizen yn [[695]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] oankaam. Hy waard troch [[Paus Sergius I]] as [[aartsbiskop]] fan de Friezen wijd, wêrby [[Utert (stêd)|Utert]] him tawiisd waard as syn haadsit.
 
Troch oanrikkemendaasje fan Peppyn waard Willibrord fan de Frankyske eallju ek in protte lân skonken, dêr't er hiel wat tsjerken en kleasters bouwe mei bouwe koe. Sa krige hy yn [[698]] de earste helte fan it grutte bûten fan [[Irmina]], abdis flakby [[Trier]] en mem fan [[Plektrudis]], de frou fan Peppyn. Doe't Peppyn him letter ek it oare part fan it bûten joech, wie Willibrordus by steat om de abdij fan Echternach te stiftsjen, it plak dêr't hy syn missytochten nei it Fryske ryk ta, en sels nei [[Denemarken]] en Thuringia ([[Turingen]] yn Dutslân) ta tariede.
12.360

bewurkings