Honoarius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: fa:هونوریوس
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 5:
Honorius wie noch mar in jonge fan 12 jier doe't er ta keizer beneamd waard. Twa jier letter moast hy trouwe mei Maria, de dochter fan syn regint [[Flavius Stilicho]]. Letter, yn [[408]], troude er op 'e nij, doe mei Termantia, in oare dochter fan Stilicho. Syn regint hie ûnder syn bewâld in soad te dwaan mei ynfallende [[Germanen|Germaanske stammen]]. Benammen [[Itaalje]] waard hieltyd bedrige troch de [[Fisigoaten]], ûnder lieding fan kening [[Alarik I|Alarik]], en fan oare folken. Stilicho hie net genôach troepen om Itaalje goed beskermen te kinnen en ûntluts in soad soldaten oan de provinsjes [[Galje]] en [[Brittanje]], wêrtroch de [[Ryn]]-grins net mear goed beweitsje wie. Op it ein fan [[406]] late dat ta de [[Slach by Mainz]], wêrtroch in alliânsje fan Germaanske folken de Ryn passeare en [[Galje]] ynteagen.
 
Yn [[408]] besleat Honorius syn oerbefelhawwer Stilicho op beskuldiging fan heegferried út de wei te romjen. Mar dêrtroch ferswakke hy syn posysje en dy fan it Romeinske Ryk, want Stilicho wie wol kundich. De Fisigoaten krigen frij spul en koene de haadstêd [[Rome (stêd)|Rome]] yn [[410]] oermasterje en plonderje. Syn nije [[magister militum]] waard lang om let [[Konstantius III]], dy't letter as ko-keizer mei him de troan dielde. Konstantius III die wat er koe om de skea te beheinen, mar sa't letter bliken die, wie it net genôch. De tsjinkeizer Konstantyn III waard ferslein en ek noch in oare usurpator [[Heraklianus]] en mei ynfallen fan folken as de [[Bourgonden]], [[Fandalen]], [[Sueben]] en [[Alanen]] waarden bûnmaatskippen sletten. Mar mei de [[Fisigoaten]] hienen hja in grut probleem. Dy hiene nammentlik har eigen ryk stifte yn Súd-[[Galje]] mei [[Priskus Attalus]] as keizer. Sy hiene in healsuster fan Honorius [[Galla Plasidia]] finzennommen en twongen ta in houlik mei harren kening [[Athaulf]]. Mar nei syn dea yn [[415]] koenen de Romeinen in ferdrach slute en kaam Galla Plasidia frij. Sy soe letter trouwe mei Konstantius III en him in soan jaan dy't keizer Honorius syn opfolger wurde soe: [[Falentinianus III]]. Konstantius stoar yn [[421]] en Honorius krige problemen mei syn healsuster. Sy flechtte mei har soan nei Konstantinopel.
 
Honorius stoar berneleas yn [[423]]. Syn ''primiserius notariorum'', [[Iohannes]], waard ta syn opfolger beneamd. Yn [[425]] waard dy lykwols ferdreaun troch de eastlike troepen, wêrnei [[Falentinianus III]] keizer fan it westen waard.