Kataren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.5.2) (Bot - derby: el:Καθαροί
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 26:
Dôchs wurde de Kataren sterker. Foaral troch beskermhear hartoch [[Willem fan Akwitaanje]] en oare [[eallju]]. De befolking is foaral ûnder de yndruk fan de anty-[[paus]]like preken fan [[Piter fan Bruys]] en [[Hindrik fan Lausanne]] yn de provinsje fan [[Perigord]].
 
De provinsje fan [[Languedok]] yn [[Oksitaanje]], Súd-Frankryk wurde yn de [[12e ieu]] it earste bolwurk fan de Kataren. De Oksitaanske kultuer belibbet ek troch de ynfloed fan de Kataren in bloeitiid. Mar de Frânske kening besjocht it mei in soad jaloezy, wylst de paus yn [[Rome (stêd)|Rome]] net ûnferskillich sjocht nei it machtsferlies fan de Katolike tsjerke yn Oksitaanje.
 
In koalysje fan de kening, Noard-Frânske eallju en de Paus liede yn [[1208]] ta de earste krústocht tsjin de Kataren. Dit alles ûnder lieding fan [[Simen de Montfort IV]]. De massaslachting fan de ynwenners fan [[Beziers]], dêr’t mear as 20.000 minsken op [[22 july]] [[1209]] fermoarde binne, heart ta ien fan de grutste grouweldieden yn de Jeropeeske skiednis. Yn de stêd Beziers wienen net allinnich mar Kataren. De pauslike gesant hie sein: moardzje se allegear út, God werkent syn eigen bern wol. De earste [[krústocht]] eindige yn [[1212]].