Aurelius Fiktor: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Romeinske Ryk, Rome (stêd)
Rigel 1:
'''Sekstus Aurelius Fiktor''' (sa [[320]] - † [[390]]) wie in [[Romeinen|Romeinske]] politikus en skiedskriuwer. Hy is de skriuwer fan in oantal lytse wurken dy't geane oer de keizers fan [[Romeinske Ryk|Rome]] en dy't
publisearre binne ûnder de namme ''Skiednis fan Rome''. Hy jout yn syn wurken koarte libbensbeskriuwingen en besiket de dieden fan de keizers en harren karakters yn ûnderling ferbân te behanneljen.
 
== Libben ==
Fiktor wie nei alle gedachten ôfkomstich út de Romeinske provinsje [[Afrika (Romeinske Ryk)|Afrika]] en fan ienfâldige komôf, alhoewol't hy wol in goede oplieding hân hie. Hy gong yn [[337]] nei [[Rome (stêd)|Rome]] om dêr rjochten te studearjen. Under keizer [[Julianus Apostata|Julianus]] makke hy opgong as gûverneur fan [[Pannoanje]]. Hy wie krekt as dizze keizer gjin kristen en hearde ta syn fermidden fan fertroulingen.
 
Yn [[363]] waard hy konsul en makke diel út fan de senaat yn Rome. Nei de dea fan Julianus soe Fiktor as ''net-kristen'' út de geunst reitsje fan de kristlike keizers en ferlear dêrby syn amten. Wat dêrnei mei him barde is neat oer bekend. Lykwols dûkelt hy in fearns ieu letter wer op as keizer [[Teodosius de Grutte]] him beneamt as ''[[praefectus urbanus]]'' fan Rome yn [[388]]. It jier dêrnei is hy ferstoarn.