Germanikus: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - oars: sr:Германик Јулије Цезар; tekstwiziging
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 6:
Germanikus is foaral bekend wurden as in kundige kriichshear en in bysûnder populêr politikus yn de tiid dat Tiberius keizer wie fan it [[Romeinske ryk]]. Oan him hawwe de Romeinen te tanken dat der nei it ferlies fan [[Farus]] yn it [[Farusslach|Teutoburger Wâld]] wer oarder en rêst weromkearde oan de grins mei [[Germaanje]]. Hy focht mei súkses tsjin de [[Sjatten]] en [[Sjerusken]] oant en mei de Noardseekust.
 
Fan syn omke Tiberius mocht er nei de oerwinning in triomftocht hâlde yn [[Rome (stêd)|Rome]] mar dizze wie wol fan betinken dat syn miich fanwege de grutte populêrens in gefaarlike rivaal wurde koe. Dêrom stjoerde hy him fuort nei [[Syrje]] yn [[17]]. Germanikus rekke dêr belutsen by in skeel mei de pleatslik gûverneur Piso. Yn [[19]] kaam hy ynienen te ferstjerren, wierskynlik troch fergiftiging troch tadwaan fan Piso. Tiberius ferlear dêrmei net allinne in rivaal mar ek ien fan syn bêste generaals en in mooglike opfolger.
 
Germanikus wie troud mei [[Agrippina de Aldere|Agrippina]] mei wa't hy 9 bern krige. Syn beide âldste soannen, Nero Caesar en Drusus Caesar, waarden letter op befel fan Tiberius fermoarde. Syn jongste soan Gaius soe úteinlik wol keizer [[Kaligula]] wurde. En in dochter fan him, dy't ek [[Agrippina de Jongere|Agrippina]] hiet, waard de mem fan fan de neikommende keizer [[Nero]].