Orosius: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - fuort: hu:Orosius
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 4:
[[Ofbyld:BobbioOrosiusCarpetPage.jpg|thumb|in eksimplaar fan de ''Historiae adversus paganos'' fan Orosius]]Orosius flechte op jonge leeftyd foar de ynfallende [[Fandalen]] nei [[Afrika (Romeinske ryk)|Noard-Afrika]]. Dêr waard hy learling fan de tsjerkfaar [[Augustinus fan Hippo|Augustinus]].
 
It wichtichste wurk dat er makke hat is de ''Historiae adversus [[heidendom|paganos]]'' (de ''Wrâldskiednis'', oant [[417]]), dat hy skreau op fersyk fan Augustinus, en dy't er, wierskynlik yn 418, foltôge nei syn weromkomst út it easten, dêr't hy yn [[Jeruzalem]] yn [[415]] [[Pelagius]] ferfolge hie foar "[[ketterij]]". It skriuwen fan Orosius is in [[Apologeten|apologetyske]] skiednis, dêr't er de beskuldigingen fan net-kristenen yn besocht te wjerlizzen dat alle rampspoed fan dy tiid, en benammen de plondering fan [[Rome (stêd)|Rome]], dien troch [[Alarik]] yn [[410]], it gefolch wie fan it leauwen yn de tradysjonele goaden, en sadwaande de skuld fan it [[kristendom]].
 
== Wurdearring ==