Nearo: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L Bot - derby: lv:Nērons
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 1:
[[Ofbyld:Nero Glyptothek Munich 321.jpg|thumb|Nero]]
'''Nero''', folút '''Nero Claudius Caesar Augustus Germanicus'''. ([[Antium]], [[15 desimber]] [[37]] - [[Rome (stêd)|Rome]], [[9 juny]] [[68]]) wie [[list fan Romeinske keizers|keizer fan Rome]] fan [[13 oktober]] [[54]] oant en mei syn dea op [[9 juny]] [[68]]. Under syn bewâld fûn foar it earst kristenferfolgings plak.
 
== Komôf ==
Rigel 10:
Yn it begjin fan it regear fan Nero hie syn mem grutte ynfloed op him, mar nei de dea fan Britannikus waard sy troch him fan it paleis fuort stjoerd, sadat Nero op 18-jierrige leeftyd alle alle macht yn hannen krige. Syn wichtichste adviseurs waarden Seneca en de prefekt fan de Praetoriaanske garde, [[Burrus]]. Fjouwer jier letter liet er syn mem deadzje.
 
De earste fiif jierren fan syn bewâld wienen in gouden tiid foar [[Rome (stêd)|Rome]] en it [[Romeinske Ryk]]. Oeral hearske frede en wolfeart troch de kundige advizen fan Seneca en Burrus. Nei dizze fiif jier begûn Nero him lykwols hieltyd minder te bemuoien mei it lânsbestjoer, mar hâlde er him ynstee dêrfan foaral dwaande mei syn passy's foar de [[Grikelân|Grykske]] kultuer, keunst, benammen mei toaniel en muzyk, mar ek drank, seks en minne perversiteiten.
 
Yn [[62]] kaam Burrus om it libben (neffens grute waard wie er troch Nero fermoarde) en tsjinne Seneca syn ûntslach yn, wat troch Nero wegere waard. Ek liet er syn frou Klaudia terjochtstelle en ferfong har troch syn maitresse [[Poppaea]], de eks-frou fan syn eardere freon [[Otho]] dy't er fuort promovearre hie as gûverneur fan Lusitania (tsjintwurdich [[Portegal]]).