Neoklassisisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Xqbot (oerlis | bydragen)
L r2.5.2) (Bot - oars: fa:نوکلاسیسیسم
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 7:
De grins yn de tiid tusken it [[klassisisme]] en neoklassisisme, is net altyd dúdlik. Yn ferskillende lannen wurdt de namme faak foar ferskillende tradysjes brûkt. De namme klassisisme wurdt meast brûkt foar 17e ieuske keunstners sa as [[Nicolas Poussin]] en [[Claude Lorrain]], dy't harren ynspirearje lieten troch de antike keunst fan de Romeinen en Griken. Mei ''neoclassicisme'' omskriuwt men it wurk fan lette 18e-ieuske en ier 19e-ieuske keunstners sa as, de Frânske skilders[[Jacques Louis David]] en [[Jean Auguste Dominique Ingres]], of de byldhouwers [[Antonio Canova]] en [[Bertel Thorvaldsen]]. Sy stribben sterker nei in trouwe neifolging fan de ydealen fan de Griken en Romeinen. Foaral eleminten fan de klassike [[timpel]]s mei harren pylderfronten fynt men werom yn it Noeklassisisme. Yn Nederlân hearre de measte tsjerken út de earste helte fan de [[19e ieu]] ta de neoklassike boustyl. It [[Paleis fan Justysje]] yn [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]] is der ek in foarbyld fan.
 
De neoklassike streaming kaam op nei in twatal wichtige argeologyske fynsten dy't it omtinken foar de [[Aldheid]] oanwakkerje die: de opgraving fan [[Pompeii]] (1748) en de fynst fan de [[stien fan Rosetta]] (1799) en de ûntsifering derfan troch [[Jean-François Champollion|Champollion]] (1822). It wurk fan de tekeners en wittenskippers dy't [[Napoleon Bonaparte]] meinaam nei [[Ottomaansk Egypte|Egypte]], spriek ta de ferbylding fan de minsken fan doe. De teoryen fan [[Johann Joachim Winckelmann]] spilen fierders in kaairol by it omtinken. It neoklassisisme fersprate him oer Eurpoa en Noard-Amerika fan [[Rome (stêd)|Rome]] út.
 
Yn de betiteling neoklassisisme klinkt somtiden en in weardeoardiel troch: keunststilen dy't de tradysje fan de [[Renessânse|renessânsee]]-[[keunstner]]s en de klassike Grykske en Romeinske keunst op respektabele wize trochsetten, wurde faak ''klassisistysk'' neamd, wylst harren [[eklektisisme|eklektyske]] neifolgers ''neoklassisistysk'' hjitte te wêzen.