Daasje: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Mjbmrbot (oerlis | bydragen)
L r2.7.1) (Bot - derby: an:Dacia
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Rigel 15:
De Daasjers foarmen oan de ein fan de [[1e ieu]] nei Kristus op ‘e nij in machtich ryk ûnder harren kening [[Decebalus]]. De Romeinske keizer [[Trajanus]] fûn dat dit ryk in bedrieging foarme foar de feiligens fan de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau en begûn dêrom yn [[101]] nei Kristus in kriich tsjin de Daasjers. Nei fûl ferset waarden dizze yn [[106]] nei Kristus definityf ferslein. De haadstêd fan de Daasjers, [[Sarmizegetusa]], waard folslein platbaarnd, en likernôch 150.000 finzenen waarden as slaven fuortfiert. De Romeinen makken in provinsje fan it gebiet, [[Romeinsk Daasje]]. Romeinske autoriteiten organisearren in grutte kolonisaasje fan it gebiet mei immigranten út [[Itaalje]] en de Romeinske provinsjes súdlik fan de Donau, wêrtroch de romanisearring fan it gebiet befoardere waard.
 
Om syn oerwinning op de Daasjers te fiere liet keizer Trajanus yn [[Rome (stêd)|Rome]] in oerwinningspylder bouwe, dy’t no noch hieltyd oerein stiet.
 
Sûnt likernôch 2000 foar Kristus waarden [[Traasje]], it hjoeddeiske Bulgarije, en Daasje, it hjoeddeiske Roemeenje, bewenne troch besibbe folken fan de Daasjers. Lykwol Traasje as Daasje moasten harren deljaan oan it Romeinske Ryk. De Romeinen neamden it Roemeenske part ‘Colonia Dacia’.