Ferskil tusken ferzjes fan "Widsith"

14 bytes grutter ,  10 jier lyn
L
Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk)
L (Bot - derby: pl:Widsidh)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk))
It gedicht giet oer Widsith (de namme betsjut 'fiere reis'), in omreizgjende minstreel. Hy beskriuwt himsels as hearrend ta de ''Myrgings'', in stam dy't allinnich bekend is fan it gedicht, mar dy't mooglik buorlju wienen fan de [[Angelen]].
 
It gedicht befet benammen in wiidwijdige rige fan hearskers, stammen, folken en helden út hiel útienrinnende tiidrekken fan de Jeropeeske skiednis, dy't bekend wienen yn de Germaanske wrâld fan de [[6e ieu]]. De skriuwer linet mei syn gedicht op de tradysje fan mûnlinge oerleverings. Der wurde folken neamd lykas de [[Goaten]], de Angelen, de [[Saksen (folk)|Saksen]], de [[Franken]], de [[Romeinen]] en de [[Friezen]] en figueren lykas [[Julius Caesar]] en [[Offa]], mar ek de Fryske kening [[Finn]] wurdt neamd.
 
It wie foaral de taak fan in minstreel om de heldedieden fan folken en benammen keningen te besjongen. It belang hjirfan wie tige grut en in sjonger koe dan ek rynsk beleanne wurde. Widsith beskriuwt yn it gedicht in oantal rike jeften dy't er krige en beslút mei de oertinkingen fan de omreizgjende minstreel dy de lof 'sjongt fan eltsenien dy't him goed beleannet.
12.360

bewurkings