Heptargy: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - derby: eu:Heptarkia
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Saksen - Verwijzing(en) gewijzigd naar Saksen (folk)
Rigel 2:
'''Heptargy''' is de term dy't troch histoarisy wol brûkt waard om de sân Angelsaksyske keninkriken yn [[Ingelân]] oan te tsjutten: [[Keninkryk Wesseks|Wesseks]], [[Keninkryk Esseks|Esseks]], [[Keninkryk Susseks|Susseks]], [[Keninkryk Kent|Kent]], [[Keninkryk East Anglia|East Anglia]], [[Keninkryk Mercia|Mercia]] en [[Northumbria]]. De benamming ''Heptarchie'', in kombinaasje fan de Grykse wurden foar ''sân'' en ''ryk (steat)'', wurdt al fan it begjin fan de tweintichste ieu ôf as in te ienfâldich begryp sjoen foar in mear komplekse situaasje. De term wurdt noch wol brûkt as algemiene oantsjutting fan dy perioade yn de Ingelske skiednis.
 
De term slacht oer it generaal op de perioade fan de ferovering fan Ingelân troch de Germaanske stammen ([[Angelen]], [[Saksen (folk)|Saksen]] en [[Juten]]) oant de ynfallen fan de [[Noarmannen]]. Dit tiidrek rint rûchwei fan 500 oant 850. It konsept fan de sân keninkriken waard al yn de [[12e ieu]] troch de Ingelske histoarikus [[Henry fan Huntingdon]] brûkt, mar de term ‘heptargy’ kaam yn de [[16e ieu]] yn gebrûk.
 
Undersyk hat útwiisd dat de machsferhâldingen der net sa ienfâldich hinne leinen. Sa wienen benammen Esseks en Susseks faak in mindere machtsfaktor as oare riken. Kent hie yn it begjin fan it tiidrek wol in soad ynfloed, mar hie ek rillegau deselde status as Esseks en Susseks.