Boere-arbeider: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
red
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Seine - Verwijzing(en) gewijzigd naar seine (ark)
Rigel 3:
Swier wurk wie it mjuksjen, de stront yn 'e dongkroade skeppe en op 'e rûchskerne bringe. De mjuksplanke wie winters wol ris wat glêd, dan wie it in hiele toer om it teplak te krijen.
 
Maitiids kaam it lânwurk. Noch wat letter waard it gers meand, want it moast hea wurde. De ûngetiid stie dan foar de doar. De einen waarden earst mei de [[seine (ark)|seine]] foarmeand en it oare wie foar de meanmasine, lutsen troch in hynder. It gers moast yn 'e sinne droegje, dan waard it hea en dat wie winterdei it fretten foar de kij.
 
Guon arbeiders ieten dan op 'e pleats, it wie sa drok en it naam tefolle tiid as se nei hûs moasten. De arbeiders makken dan lange dagen fan moarns ier oant jûns let.