Ferskil tusken ferzjes fan "Jeanne d'Arc"

L
Botgeholpen doorverwijzing: Seine - Verwijzing(en) gewijzigd naar Seine (rivier)
L (r2.7.1) (Bot - derby: rue:Яна з Арку)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Seine - Verwijzing(en) gewijzigd naar Seine (rivier))
De Ingelsken woene stomme graach har as [[heks]] en [[ketter]] delsette, om sadwaande it keningskip fan Karel VII te ûntkrêftsjen. Se brochten har yn febrewaris [[1431]] yn Rouen foar de [[Ynkwisysje]], de [[tsjerklike rjochtbank]]. Jeanne waard beskuldige fan it fuortrinnen út it âlderlik hûs, it ûntkennen fan de tsjerklike autoriteit (har eigen kontakt mei God fia de stimmen), besykjen fan selsmoard (se hie besocht út de Boergonjeske finzenskip te ûntsnappen troch út in toer te springen), en it dragen fan manljusklean. Earst joech hja neat ta, mar nei driging mei [[Martelje|marteling]] luts se har ferklearring oer it hearren fan stimmen yn. Dêrnei waard de feroardiele ta [[libbenslange finzenisstraf]].
 
De Ingelsken wienen hjir net tefreden mei en wisten har mei in mûklist derta te ferlieden yn de finzenis wer manljusklean te dragen. It proses waard dêrnei weriepene. De rjochters konstatearren dat Jeanne wer yn oertreding wie en ferklearren har no ta ketter - in misdriuw dat ta de brânsteapel late. Op [[30 maaie]] [[1431]] waard se op de brânsteapel ferbaarnd op de âlde merk yn [[Rouen]]. Nadat se mienden dat se stoarn wie, waard it fjoer dôve en har diels ferkoalle lichem oan de omstanners toand, om sjen te litten dat se yndie in frou wie. Dêrnei waard it fjoer wer oanstutsen. Omstanners bewearden dat har hert net baarnde. Har jiske waard yn de [[Seine (rivier)|Seine]] struid. (yn de 17e ieu dûkte yn in apteek in potsje op dêr't ''Jeanne d'Arc'' op skreaun stie. Lange tiid waard oannomd dat dêr it de oerbliuwsels fan Jeanne d'Arc yn sieten. De resten blykten lykwols fan in Egyptyske [[mummy]] te wêzen. Dat wie it resultaat fan in ûndersyk laat troch de Frânske forinsyske antropolooch Philippe Charlier, publisearre yn ''Nature'', april 2007. Hy ûndersocht stikjes bonke en linnen, dy't no eigendom binne fan it aartsbisdom [[Tours (Indre-et-Loire)|Tours]]. De tsjerke hie by de sillichferklearring yn 1909 oanjûn dat it hast seker wie dat de oerbliuwsels werklik fan Jeanne d'Arc wiene. Ferpolvere bonken fan mummys waarden oant yn de 19e ieu brûkt as medisyn, wat ferklearje kin dat dizze oerbliuwsels yn in apteek fûn binne)
 
== Nei har dea ==
12.360

bewurkings