Konstantyn de Grutte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Rome - Verwijzing(en) gewijzigd naar Rome (stêd)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Senaat - Verwijzing(en) gewijzigd naar senaat (Rome)
Rigel 15:
Yn [[313]] feardige Konstantyn it [[edikt fan Milaan]] út. Hy joech mei dizze feroardering de [[kristenen]] frijheid fan [[godstsjinst]]. Konstantyn liet in protte [[tsjerke]]n bouwe en yn [[321]] stelde hy de [[snein]] yn as [[rêstdei]] foar it hiele ryk. Foar de tsjerke joech dit net allinnich foardielen, mar ek neidielen, want de keizer gong him hieltiten mear bemuoien mei de tsjerke. Op syn inisjatyf waarden de konsyljes fan [[Konsylje fan Arles|Arles]] yn [[314]] en [[Konsylje fan Nicaea|Nicaea]] yn [[325]] gearroppen en stelde hy [[biskop]]pen oan of ôf mar krekt hoe't syn sin wie. Tagelyk stifte hy inkele tsjerken, wêrûnder de [[Sint-Pitersbasilyk]] yn [[Rome (stêd)|Rome]] en de [[Hillige Grêftsjerke]] yn [[Jeruzalem]].
 
It maatskiplik libben ûnderie ûnder it regear fan Konstantyn de Grutte mar foar in part de ynfloed fan it [[kristendom]]. Ek de keizer sels koe net fan de iene op de oare dei feroarje fan in heiden yn in kristen. Syn mem Helena fitere him dêrta wol oan. Troch har bemuoienis waarden der in soad tsjerken stifte en pylgerstochten hâlden. Ek it earjen fan relikwyen kaam dêrmei op gong. De ûntwikkeling fan it [[heidendom]] ta it [[kristendom]] gong lykwols net hurd mar stadichoan. Dat die bliken út it feit dat neist de krústekens op munten hieltyd noch ûnoerwinlike tekens fan de sinne en de oarlochsgod [[Mars]] brûkt waarden. Pas op syn stjerbêd liet Konstantyn him dope; dit wie karakteristyk foar syn wifeljende hâlding tsjinoer de [[godstsjinst]]. Konstantyn waard lykwols as hillige beskôge en syn feestdei is op de [[21 maaie]]. Iroanysk genôch waard hy nei syn dea as in god oanbean troch de Romeinske [[senaat (Rome)|senaat]], it wie ommers de gewoante om goede keizers te earen.
 
== Konstantinopel ==