Deaderituëlen yn natoerreligys: ferskil tusken ferzjes

L
Botgeholpen doorverwijzing: Siel - Verwijzing(en) gewijzigd naar siel (geast)
L (Botgeholpen doorverwijzing: Siel - Verwijzing(en) gewijzigd naar siel (geast))
 
== Deaderituëlen yn ’e praktyk ==
Hjoed de dei komme de meast yngewikkelde deaderituëlen fral foar by folken dy’t natoerreligys belide, dêr’t sokke rituëlen almeast nau ferbûn binne mei [[foarâldenferearing]]. Sa hawwe de deaderituëlen fan ’e [[Ainu]] fan noardlik [[Japan]] en de [[Koerilen]] ta doel de [[siel (geast)|siel]] fan ’e ferstoarne ta rêst te bringen en foar te kommen dat dy as [[kweageast]] weromkeare sil. De [[Guanches]], de oarspronklike bewenners fan ’e [[Kanaryske Eilannen]], mummifisearren harren ferstoarne haad- en eallju foar’t se har opbieren yn begraffenisgrotten op frijwol ûntagonklike plakken.
 
In oar goed foarbyld foarmje de deaderituëlen fan ’e [[Bontok]] fan ’e noardlike [[Filipinen]]. De Bontok leauwe yn in better libben nei de dea en harren begraffenissen binne dêrom net fertrietlik; allinne de famyljehaden rouje. In wichtich helpmiddel by de dagenduorjende deadeseremoanjes is de [[Sungachil]], de deadesit. Koart nei it ferstjerren wurdt it lichem fan ’e deade nammentlik rjochtop yn dy sit fêstbûn en foar syn of har hûs set, sadat alle foarbygongers him of har goed sjen kinne. It bierguod wurdt útsocht neffens de maatskiplike status fan ’e ferstoarne. Alde froulju sjonge de [[anako]], it deadeliet, en in baarch wurdt offere en opiten. As it tsjuster is, begjint de ''achog'', in soarte fan resitaasje dêr’t men de libbensskiednis fan ’e deade yn oertinkt.
12.360

bewurkings