FC Twinte: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Amirobot (oerlis | bydragen)
Xqbot (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: mt:FC Twente; tekstwiziging
Rigel 29:
| socks2 = 191970
}}
'''Fuotbalklup Twinte''' is in Nederlânske fuotbalferiening út [[Ynskedee]], dy't sûnt de oprjochting yn [[1965]] yn it betelle fuotbal sit. Allinich yn it seizoen 1983/84 spile FK Twinte net yn 'e [[earedivyzje (fuotbal)|earedivyzje]]. It motto fan de klup is: ''mear as in klup''. Op de UEFA-ranglist stiet FK Twinte as fiifde Nederlânske klup op it 84e plak (2010). Yn it seizoen 2009/10 waard FK Twinte foar it earst winner fan 'e earedivyzje. Harren tradisjonele tenú is read, it stadion fan de Tukkers, sa wurde de spilers fan FK Twinte ek wol neamd, is de Grolsch Veste dêr't 24.000 minsken yn kinne.
 
== Oprjochting ==
FK Twinte waard stifte yn 1965 as in fúzje fan sportklup Ynskedee út de earedivyzje en Ynskedeese Boys út de [[earste divyzje]]. De petearen dêroer wiene al tsien jier earder begûn, mar de fúzje waard pas needsaaklik yn 1964 doe't sportklup Ynskedee in grut begruttingstekoart hie. Op 11 jannewaarje 1965 waarden der ferkiezings hâlden by de twa ferienings, beide sportklups giene akkoard en de nije klup krige de namme FK Twinte.
 
Rigel 77:
Nei de gouden jierren giene in protte wichtige spilers fuort en dêrom waard de klup yn stee fan yn potensjele kampioen in potensjele degradaasjeklup. Yn 1982/83 waard FK Twinte yndie sechtjinde en degradearre de klup nei de earste divyzje. It wie al sa dat de klup it jier dêrnei gelyk wer werom kaam, mar ek yn de jierren dy't dêrop folgje, koe FK Twinte net mear de prestaasjes fan de gouden jierren werhelje en de klup bleaut yn de middenmoat. Dochs is FK Twinte yn dey tiid noch trije kear as tredde einige.
 
=== Fan Hast Fallyt Nei Lânskampioen (1993-2010) ===
Yn de jierren dêrnei bleau FK Twinte hieltyd wat yn de middenmoat. Yn de njoggentiger jierren fan de 20e ieuw wie der in grutte feroaring: der koe in nij stadion boud wurde. Yn 1998 waard it âlde Diekmanstadion wei dien foar de nije Grolsch Veste. Lykwols die yn 2004 bliken dat FK Twinte wer in skuld fan 3,1 miljoen hie; de klup balansearre op 'e râne fan it fallisemint. Mar de nije foarsitter Joop Musterman brocht FK Twinte der wer boppeop. Nei't Munsterman de skuld ferdwine litten hat, waard FK Twinte yn it seizoen 2009/10 lânskampioen.
 
== Akkomodaasje ==
=== De Grolsch Veste ===
[[FileOfbyld:Noaberpoort.jpg|thumb|De Grolsch Veste]]
De thúswedstriden fan FK Twinte wurde yn de [[Grolsch Veste]] spile. It [[stadion]] stiet yn [[Ynskedee]] en de kapasiteit is 24.000 minsken. De earste peal fan 'e Grolsch Veste gie yn 1997 yn 'e grûn en op 10 maaie 1998 waard de earste wedstriid spile: FK Twinte-[[PSV Eindhoven]] waard 3-0. Doe hie it stadion noch mar 13.500 plakken. Yn 2007 begûn FK Twinte mei in útwreiding fan it stadion dat no kinne der 24.000 minsken yn it stadion. Der binne plannen om it stadion noch fierder út te wreidzjen nei 44.000 minsken (2010), dat de Grolsch Veste ien fan de stadions foar it [[Wrâldkampioenskip fuotbal 2018]] wurde kinne soe. De gemeente hat al tastimming jûn foar de útbou.
 
=== Trainingsfjilden ===
Doe't it nije stadion boud waard, moast FK Twinte sykje nei in nij plak om te trenen.
Dat hat de klup fûn by it Fanny Blankers-Koen Stadion. It FBK-stadion waard folslein ferboud ta in moderne treningsakkomodaasje en der binne seis fuotbalfjilden makke.
De trainingsfjilden fan FK Twinte lizze dêrmei yn [[Hengelo]], wat spesjaal is omdat it stadion yn [[Ynskedee]] stiet. Ek is de jeugdoplieding yn Hengelo en spilet Jong Twinte harren wedstriden dêr.
 
[[Kategory: Nederlânske fuotbalklup]]
[[Kategory:Ynskedee]]
 
Rigel 119:
[[lt:FC Twente]]
[[lv:FC Twente]]
[[mt:FC Twente]]
[[nds-nl:FC Tweante]]
[[nl:FC Twente]]