Olympyske Simmerspullen 1904: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
Wikiice (oerlis | bydragen)
Rigel 50:
 
==Maraton==
De maraton fan de Spullen yn Saint Louis is ien fan de frjemste barren op de Olympyske Spullen ea. De wedstriid waard hâlden mei tige waarm waar en op stoffigge dyken wêr't auto's en hynders foar nog mear stof soargen. De [[Kuba|Kubaanske]] dielnimmer Carvajal postboade fan berop kaam nei in lange tocht te foet oan bt de start yn syn deiske klean, om't er gjin sportklean hie. Neidat in oare dielnimmer him holpen hie in stik fan syn broekspipen te knippen om der dochs nog wat sportyfs fan te meitsje koe de Kubaan fan start. Hij waard úteinliks fjirde ûndanks it feit dat hy ûnderweis in oantal kearen stopte om in praatsje te meitjsen mei de taskôgers en hy lêst fan de mage krige fan de appels dy't er ûnderweis iet. It earst oer de fynis wie [[Fred Lorz]]. Hij wie alinne eins al nei in pear kilometer útfallen en hie it parkoers foar in grut part yn in [[auto]] ôflein. Doe't de auto stikken gie naam Lorz it beslút om de rest maar te rinnen. Hy kaam as earste oan en hja tocht dat hy hie wûn. Pas nei de medalje-útrikking waard dudelik dat hy in grut part yn in auto ôflein hie. Syn medalje waard him ôfnommen en hy waard foar it libben skorst. In jier letter waard dizze skorsing wer ynlútsen en wist hy yn [[1905]] de maraton fan Boston te winnen. De uiteinlike winner, de Brit Thomas J. Hicks, dy't uitkaam foar de Feriene Steaten, hie ûnderweis in oantal ynsinkingen hân. Hy krige dêrom fan syn treners ûnder oeare Strychnine mei kognac om him by de tiid te hâlden. Alhoewol hy ûndersteund waard troch syn treners doe't hy oer de fynis kaam, waard hy dochs as winner oanwezen. [[Len Tau]], in Afrikaan ôfkomstig van de Tswana-stam dy't útkaam foar it mingde team mei sporters út ferskiedene lannen. enEn eins foar de [[wrâld tentoanstelling]] yn Saint Louis wie. Kaam as njoggende oer de fynis. Syn rissultaat hie better wêze kint as er net troch in hûn efterfolge wie dy't him mear as in kilometer fan het parkoers ôf jaait hie.
 
== Keppeling om utens ==