Franz Liszt: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
No edit summary
Rigel 5:
 
== Wûnderbern==
Franz Liszt waard berne oan it hof fan prins [[Nicolaas II Esterházy|Nicolaas II Esterházy]] in [[Raiding]] (Hongaarsk: ''Doborján''), yn it doetiidske [[Keninkryk Hongarije (1700-1919)|Keninkryk Hongarije]] (no [[Burgenland]] yn [[Eastenryk]]) en dêr op 23 oktober doopt. Syn heit Ádám Liszt, út in Dútsk laach, wie rentmaster by Esterázy en mem wie Maria Anna Lager.<ref>Taylor (1986), pp. 1-3. Der is in soad striderij west oer de fraach oft Liszt út in Dúts laach of in aadlik Hongaarsk laach kaam. Genealogysk ûndersyk hat útwiisd dat de famylje Liszt (Dútsk: List) ôfstammet fan in laach fan Dútske lânbouwers en ambachtslju yn tsjinst fan de [[Esterházy|Esterházy's]].</ref> Thús waard [[Dútsk]] sprutsen.
 
Al mei seis jier die syn grutte muzikale bejeftigens bliken; hy krige doe muzykûnderjocht fan syn heit. Yn in jier koe er muzyk lêze én skriuwe.Mei njoggen jier joech er syn earste konsert yn [[Sopron]]. Fuort dêrnei naam Ádám him mei nei it Esterházy-paleis yn [[Eisenstadt]] (Hongaarsk: ''Kismárton''), om in twadde konsert te organisearjen foar prins Nicolaas II Esterházy. Letter yn’t jier folge in konsert foar Hongaarske ealju yn Pressburg. Beide wiene tige slagge en Ádám berikt dêrmei wat er yn de holle hie: fan de Hongaarske eallju krige de jonge Franz in stúdzjebeurs sadat er by in musikus fan namme fierder stúdearje koe.<ref>Taylor (1986), pp. 3-8.</ref>
 
It waard [[Carl Czerny]] yn Wenen, in foaroansteand komponist en learling fan [[Ludwig van Beethoven|Beethoven]], dy’t it in ear fûn en de jonge Franz wol fergees les jaan woe. Dit die heit Ádám besluten om syn wurk oer te jaan en him folslein ta te lizzen op de muzikale ûntjouwing fan syn soan. Liszt hat doe noch in skoftke ûnderrjocht yn komposysje hân fan [[Antonio Salieri]]. Ien fan syn lêste konserten yn Wenen wie in solo-recital op 13 april 1823 dêr’t ek [[Ludwig van Beethoven]] foar útnoege wie. It skynt dat dy bot ûnder de yndruk fan Liszt wie, hoewol’t er doe al dôf wie.
 
== Yn Parys ==