Hantumerútbuorren: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Rigel 23:
==De poarte==
 
Yn ´'e folksmûle waard de pleats "'De poartepleats' neamd. De poarte hat der oant 1930 ta stien. Doe is er ôfbrutsen. De slútstien mei WB 1651 derop, wurdt bewarre yn in museum te [[Dokkum]].
Germertshûs hie ek it rjocht om boppe yn 'e poarte dowen te hâlden, it hâlden fan in gibbeflecht. Healwylde dowen waarden gibben neamd. Twa kear yn 't jier waard it útmjuksje. De dowestront waard ferkocht oan kwekers fan tabaksplanten yn [[Gelderlân]] en [[Utert]]. Ek de dowen waarden dan úttinne. Dowefleis waard as eat bysûnders beskôge. Neffens de registers waarden der 200 pearen dowen holden.
De dowen binne der oant 1930 ta bleaun. Der wienen noch sa'n 100 wylde dowen.