Steatsfoarm: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Alle ynhâld fan de side weismiten
RadiX (oerlis | bydragen)
Rigel 1:
De '''steatsfoarm''' is in typearring fan it bestjoerssysteem dat in lân hat. It jout oan hoe't it regear fan in lân foarme wurdt.
 
== Aspekten ==
De steatsfoarm omfettet ferskate aspekten:
 
=== Steatshaad ===
Nei it [[steatshaad]] kin in steat oantsjut wurde as ûnder oaren:
* [[Keizerryk]], mei in [[keizer]].
* [[Keninkryk]], mei in [[kening (titel)|kening]].
* [[Sultanaat]], mei in [[sultan]].
* [[Republyk]], mei in [[presidint]].
 
=== Steatsynrjochting ===
De [[steatynrjochting]] jout oan wa't it liederskip fan it lân hat:
* [[Teokrasy]] - in god is de lieder, of goaden binne de lieders.
* [[Diktatuer]] - ien persoan hat it persoanlik liederskip.
* [[Monarchy]] - ien persoan hat it erflike liederskip.
* [[Oligargy]] - in lytse groep hat it liederskip.
* [[Aristokrasy]] - dy dy't der geskikt foar achte wurde, hawwe it liederskip.
* [[Demokrasy]] - eltsenien hat diel oan it liederskip.
 
=== Regearfoarm ===
De [[regearfoarm]] jout oan hokfoar orgaan regearret:
* [[Monarch]]
* [[Parlemint]]
* [[Lândei]]
* [[Folksrie]]den
 
=== Fertsjinwurdiging ===
De [[fertsjinwurdiging]] jout oan hoe dejingen dy't diel oan it liederskip hawwe, ynfloed op it regear útoefenje kinne:
* Absolút - it regear funksjonearret sûnder ynfloed fan oaren.
* Betrieme - der is ynfloed op it regear fia fertsjinwurdiging.
* Streekrjocht - eltsenien dy't diel oan it liederskip hat, hat ek sels ynfloed.
 
=== Grûnslach ===
De [[grûnslach]] fan it regear jout oan wêr't de beslissings fan it regear op bassearre wêze moatte:
* [[Grûnwet]]
* [[Islam]]
* [[Kommunistysk manifest]]
 
=== Steatferbân ===
It [[steatferbân]] jout oan hoe't de territoriale parten fan in steat har ta inoar en ta it sintrale regear ferhâlde. Yn dit gefal wurdt bygelyks sjoen nei de mate fan [[autonomy]] dy't de ûnderdielen fan de steat hawwe. Sa wurdt er bygelyks sprutsen fan: in [[ienheidssteat]], [[bûnssteat]] of [[steatebûn]].
 
=== Steatyndieling ===
De [[steatyndieling]] omfettet ûnder oare hoe't de [[Utfierende macht|útfierende macht]] opdield is tusken de parten fan de steat en it sintrale regear: sintralisearre of desintralisearre.
 
== Beskriuwing ==
Fan dizze aspekten kin in koarte omskriuwing makke wurde. Almeast wurde dêrby wêr mûglik eigenskipswurden brûkt. Ek wurdt fan kombinaasjes dy't in soad foarkomme meast mar ien aspekt neamt.
 
Bygelyks: Nederlân is in ''desintrale ienheidssteat mei in konstitúsjonele monargy''. Dêrby is dan weilitten dat dy monarchy in kening hat, en dat it lân njonken in grûnwet ek in parlemint hat, wat it lân betrieme fertsjinwurdiging jout.
 
Lannen dy't in formele omskriuwing fan harren steatfoarm opstelle, sille dêrby ek allinnich dy aspelten neame dy't hja wichtich en posityf fine.
 
[[kategory:Sosjale wittenskip]]
 
[[bn:সরকার ব্যবস্থা]]
[[da:Statsform]]
[[de:Regierungsform]]
[[en:Form of Government]]
[[es:Forma de gobierno]]
[[eo:Ŝtatformo]]
[[fr:Types de gouvernements]]
[[hr:Društveni poredak]]
[[it:Forma di governo]]
[[ja:政治体制]]
[[ko:정부 형태]]
[[lt:Valdymo forma]]
[[li:Regieringsvorm]]
[[no:Styreform]]
[[nn:Styresett]]
[[ru:Форма государственного правления]]
[[sk:Forma štátu]]
[[sr:Друштвено уређење]]
[[sv:Statsskick]]
[[zh:政治体制]]