Militêr: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
wurkleas
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Rigel 9:
 
== Froulike militêren==
Yn de measte westerske lannen binne der manlike én froulike militêren. De Nederlânske [[loftmacht]] hat al sûnt [[1 novimber]] [[1951]] froulike militêren yn tsjinst yn de [[Loftmacht Frouljusôfdieling|Luva]], de ''Loftmacht Frouljusôfdieling''. Ek oare kriichsmachtdielen hienen soksoarte frouljusôfdielings [[Militêre Frouljusôfdieling|Milva]], de ''Militêre Frouljusôfdieling'' en [[Marine Frouljusôfdieling|Marva]], de ''Marine Frouljusôfdieling''. Dizze ôfdielings waarden op [[1 jannewaris]] [[1982]] formeel opheft en giene folslein op yn de betreffende kriichsmachtûnderdielen.
 
Tsjintwurdich hearre froulju likegoed as manlju ta it definsjepersoneel fan it Nederlânske leger. Yn wervingskampanjes wurde ek froulju oansprutsen. Hjirmei fiert Definsje it troch de oerheid ferplicht stelde diversiteitenbelied út. Sa soe it leger in bettere ôfspegeling fan de maatskippij foarmje. Ek minsken mei in net-Nederlânske eftergrûn wurde oanlutsen foar in funksje yn it Nederlânske leger.