Haadmenu iepenje

Changes

23 bytes added, 8 jier lyn
L
Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Skiermuontseach - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skiermûntseach (plak)
== Fryske anargisten ==
Anargisme krige yn Fryslân in soad oanhing troch [[Ferdinand Domela Nieuwenhuis]], dy't troch de arbeiders 'Us Ferlosser 'neamd waard. Benammen yn de jierren foar de oarloch krige it anargisme oanhing yn de súdeasthoeke fan Fryslân. Nei de [[Twadde Wrâldoarloch]] waard de oanhing folle lytser. De Feraasje fan frije sosjalisten, wêryn de anargisten yn it Noarden har feriene hiene, besit yn [[1918]] in terrein yn de bosken by [[Appelskea]], dêr't jierliks mei de pinksterdagen en lândei hâlden wurdt. Hjir wie op 16 en 17 maaie 1970 it lanlike kongres "Anti-autoritaire opposistie nu". Hjir sprutsen ûnder oare [[Roel van Duyn]] en Otto Boetes.
Predikanten as [[Louis Adrian Bähler]] fan [[Skiermûntseach (plak)|Skiermuontseach]], [[Sibillus Catharinus Kylstra]] fan De [[Rottefalle]] neame har kristen-anargist. Se steune ek de koloanje yn [[Blaricum (plak)|Blaricum]] (Ynternasjonale Bruorskip). Ek de [[Hogerhuissaak|Bruorren Hogerhuis]] binne anargisten. Der wenje in soad yn [[It Bilt]] en de Feanstreken. Yn de [[Earste Wrâldoarloch]] docht Giesen yn Ljouwert fan him sprekken. Letter wurdt harren ynfloed minder.
== Literatuer ==
* {{Aut|Imke Klaver}} - ''Herinneringen van een Friese landarbeider'' (1974)
12.360

edits