Kleaster Klaarkamp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Skiermûntseach - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skiermûntseach (eilân)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Skierstins - Verwijzing(en) gewijzigd naar Skierstins (Feanwâlden)
Rigel 8:
De mûntsen fan Klaarkamp makken ûnder oaren âlde friezen, [[bakstien]]nen makke fan de [[klaai]] dy't se tichtby it kleaster ôfgroeven. Dêrtroch ûntstie de [[Klaarkampster Mar]], tsjintwurdich in dridzich gebiet dat troch [[Steatsboskbehear]] beheard wurdt. De mûntsen bebouden ek it lân en stutsen [[Turf (branje)|turf]].
 
Op it hichtepunt hie it kleaster 2500 hektare grûn en sa'n 80 pleatsen yn eigendom. Yn it kleaster wennen tsientallen mûntsen en inkele hûnderten [[likebroer|likebruorren]]. Teffens hie it kleaster ferskate [[úthôf (kleaster)|úthôven]], dêr't [[Sibrandahûs]] nei alle gedachten ien fan wie. Dêrneist wie der in úthôf yn [[Jannum]] en ek de [[Skierstins (Feanwâlden)|Skierstins]] tichtby [[Feanwâlden]] hearde fan [[1439]] ôf by it kleaster. Ek [[Skiermûntseach (eilân)|Skiermûntseach]] ("eilân fan de skiere mûntsen") hearde ta it kleaster Klaarkamp. It kleaster hie ek in grutte wrâldske betsjutting. Sels de Frânske kening is op besite west.
 
By de twisten tusken de [[Skieringers en Fetkeapers]] hearde Klaarkamp uteraard ta de Skieringers. In oar kleaster, [[Foswert]] by [[Ferwert]], hearde ta de Fetkeapers. Doe't yn [[1387]] de tsjerke fan Foswert ôfbaarnde krige Klaarkamp dêrfan de skuld en by wize fan [[wraak]] waarden fjouwer mûntsen út Klaarkamp deaslein. Pas folle letter waard it skeel bylein.