Johann Hermann Knoop: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
oanfollinkje rûnom wei
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen oplossing voor doorverwijzing: Stania State - Verwijzing(en) gewijzigd naar Staniastate (Oentsjerk)
Rigel 1:
'''Johann Hermann Knoop''' ( [[Kassel]], [[1720]] - [[Ljouwert (stêd)|Ljouwert]], [[1780]] ) wie in hovenier en wurdt wol beskôge as de grûnlizzer fan de [[pomology]].
 
Knoop wie de soan fan de hovenier fan [[Maria Louise fan Hessen-Kassel]] har heit. Sy helle him út Kassel nei Ljouwert en makke him hovenier by op [[Mariënburg]], Achter de Hoven yn Ljouwert. ([[1730]] - [[1748]] ). Hy lei ek de tún fan [[Staniastate (Oentsjerk)|Stania State]] yn [[Oentsjerk]] nij oan (1745). Hy kweekte yn [[Fryslân]] de [[jirpel]] ([[1742]]). Troch drankmisbrûk ûntslein libbe hy fan it lesjaan (wiskunde) en fan it skriuwen fan boeken op it mêd fan túnbou ("Pomologia", "Fructologia" en "Dendrologia").
 
Teffens publisearre er op it mêd fan wiskunde, astronomy, skiednis fan Fryslân en histoaryske geografy. Hy berekkene sinne- en moannefertsjuseringen en makke sinnewizers, ûnder oare yn [[Bakkefean]] ([[1750]]). Fierders makke Knoop yn ± [[1760]] in fraaie kaart fan Ljouwert. Dy wurdt bewarre yn it Gemeentlik Argyf fan Ljouwert.