Freark Dam: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Muijz (oerlis | bydragen)
in in -> in
+ wurk, - kampnamme
Rigel 3:
Freark Dam wie in soan fan Wieger Dam. Hy gie nei de W. A. Nijenhuis-skoalle yn Ketlik en ferfolgens nei de MULO op [[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]]. Letter folge er in oplieding ta útjouwer en helle er de MO-akte [[Nederlânsk]] en [[Frysk]].
 
Yn de [[Twadde Wrâldkriich]] moast er ûnderdûke, waard oanholden yn de hjerst fan [[1944]] en bedarre yn in Dútsk finzenkamp; yn juny 1945 opkaam iter eilânsiik [[Sylt]]werom. Yn [[1941]] debutearre Dam as dichter yn it tydskrift '[[It Heitelân]]'.
 
Wenne yn [[Feanwâlden]] en wie sjoernalist by de Drachtster Krante en joech ek lieding oan de útjouwerij anneks. Yn de jierren 50 en 60 boude er in útjouwersfûns op, dêr't in soad Fryske skriuwers yn fertsjintwurdige wiene. As redakteur fan de literêre blêden '[[De Tsjerne (tydskrift)|De Tsjerne]]' en '[[De Strikel]]', hie er in protte kontakten yn de Fryske literêre wrâld.
Rigel 11:
 
Syn literêre produksje wie lyts. Yn [[1946]] ferskynde de dichtbondel 'Under fjouwer eagen' en yn [[1960]] ferskynde 'Sa sydlings'. De oarloch wie in wichtich tema yn syn wurk. It gedicht 'De Joadebern'is in klassyk betinkingsgedicht wurden.
 
== Wurk ==
;Ferzen:
* ''Under fjouwer eagen'' (1946)
* ''Rjochtdei'' (toanielbewurking fan Van den Vos Reinaerde, 1953)
* ''Sa Sydlings'' (1960)
;Toaniel:
* 1945: ''Dy't net weromkaem''
* 1955: ''Dat wie doe'' (koart tafrielespul foar de bifrijingsdei 1955)
* 1969: ''Tusken goed en kwea''
 
:Oersettingen en bewurkingen toaniel:
* 1953: ''Rjochtdei'' (Reynaertbewurking, yn 1960 2e pr.)
* 1959: ''Kristus wurdt jitris krusinge'' (nei Niko Kazantzakis)
* 1960: ''In ingel yn Babylon'' (nei [[Friedrich Dürrenmatt]])
* 1961: ''De greate Keizer'' (nei Friedrich Dürrenmatt)
* 1962: ''In minske sûnder wryt of slyt'' (nei [[Bertolt Brecht]])
* 1963: ''Op ien bitingst'' (nei Friedrich Dürrenmatt)
* 1965: ''Us stêd'' (nei [[Thornton Wilder]])
* 1969: ''Deagewoan wonder'' (nei E. Schwarz)
* 1968: ''Ja dokter, né dokter'' (nei [[Paul Rodenko]])
* 2003: ''De âlde dame op besite'' (nei Friedrich Dürrenmatt)
 
{{boarnen|boarnefernijing=
* Tresoar, biografy Freark Dam
}}
 
 
[[Kategory:Frysk dichter|Dam, Freark]]
[[Kategory:Frysk persoan|Dam, Freark]]