Germaanske talen: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
L r2.7.1) (Bot - oars: ms:Rumpun bahasa Germanik
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Tacitus - Verwijzing(en) gewijzigd naar Publius Cornelius Tacitus
Rigel 15:
 
== Oerlevering ==
De âldst bekende Germaanske ynskripsje is dy op ’e [[Helm fan Negau]], mooglik út ’e twadde ieu f.Kr. Yn in noardlik [[Etruskysk skrift]] is dêrop skreaun: “''hargasti teiwa''”. Oer de betsjutting dêrfan bestiet lykwols nochal wat ûnienichheid. Fierders binne oant ’e earste ieu nei Kristus allinne mar nammen en losse wurden oerlevere, útslutend troch Romeinske skriuwers, lykas [[Publius Cornelius Tacitus|Tacitus]] en [[Julius Caesar]].
 
Ut lettere tiid binne Germaanske ynskripsjes yn it [[runeskrift]], in alfabetysk skrift dat ûntstien liket te wêzen yn ’e earste helte fan ’e earste ieu nei Kristus en fan ’e komst fan it [[kristendom]] ôf ferfongen waard troch it [[Latynske alfabet]]. Lykwols, Germaanske talen hawwe ornaris mear lûden as it [[Latyn]], dat de ûnderskate Germaanske talen hawwe oan it Latynske standertalfabet in ferskaat fan oare letters en diakrityske tekens tafoege: á, â, ä, å, æ, ð (de stimhawwende th), é, ê, í, î, ý, ó, ô, ö, ò, ø, þ (de stimleaze th), ú, ü.