Lintdoarp: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Kanaal - Verwijzing(en) gewijzigd naar kanaal (wetterwei)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Turf - Verwijzing(en) gewijzigd naar turf (brânstof)
Rigel 8:
Lytse [[rivier]]kes lieten [[sân]] efter op de boaiem, wêrtroch der in sânlaach lizzen bleau. As troch ûntwettering fan it lânskip de boaiem fuortsakke, bleaunen de kreekrêgen troch harren fêste sânlaach efter as hegere parten fan it lânskip. Oerstreamingen spielden feangrûnen fuort, mar de sânlaach bleau lizzen. Yn tiden wêryn in protte oerstreamings foar kamen waarden dizze kreekrêgen goeie plakken foar bewenning. Dit ferklearret de somtiden krinkeljende rin fan guon lintdoarpen.
 
Yn parten fan [[Grinslân]] en [[Drinte]], yn de [[feankoloanje]]s, binnen de lintdoarpen in protte by fearten, wêr't [[turf (brânstof)|turf]] oanfierd waard, delset. [[Stêdskanaal]] is hjir in foarbyld fan. Yn guon parten fan dit gebiet binne hiele lintdoarpen oanelkoar ferbûn rekke.
 
Yn Súdeast-Fryslân en Súdwest-Drinte lizze lintbebouwings dy't âlder binne as it slach doarpen dat hjirboppe beskreaun stiet. Dizze doarpen binne yn de [[Midsieuwen]] ûntstien doe't boeren fan de [[esdoarp]]en út, as [[Vledder]], [[Wapse]] en [[Ruinen]], nei de wietere beekdeltes lutsen om hjirop te buorkjen. Doarpen dy't hjirtroch ûntstienen binne doarpen as [[Nijensleek]], [[Wapserveen]] en [[Ruinerwold]].