Slach by Turyn (312): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Turyn - Verwijzing(en) gewijzigd naar Turyn (stêd)
Rigel 7:
 
==De fjildslach==
Nei de ynnamme fan Susa loek Konstantyn fierder yn de rjochting fan [[Turyn (stêd)|Turyn]]. Om it leger fan Konstantyn tsjin te holden hie Maksentius fanút Rome in grut leger nei it noarden stjoerd, dêr't ek in grut kontingent swiere kavalery oan tafoege wie. Yn de omjouwing fan Turyn kamen beide legers tsjinoer inoar te stean. Konstantyn stelde syn ynfantery dêr tsjinoer de kavalery fan Maksentius en joech opdracht de fijân oan te fallen. Yn it gefjocht dat dêrop plakfynt koe de kavalery fan Maksentius net goed út de foeten komme. It kaam klam te sitten tusken de ynfantery fan Konstantyn en waard ferneatige.
 
Troch dat foarfal kantele de slach yn it foardiel fan Konstantyn. It leger fan Maksentius sloech op de flecht en besocht in goed hinne kommen te finen yn Turyn, mar de stêdsbefolking wegere om it leger ta te litten. Al gau arrivearre it leger fan Konstantyn, wêrnei der foar de mourren fan de stêd in slachting plakfûn.