Fjodor Tjûttsjev: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
TXiKiBoT (oerlis | bydragen)
L Bot - derby: ca:Fiódor Tiúttxev
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Turyn - Verwijzing(en) gewijzigd naar Turyn (stêd)
Rigel 5:
Tjoettsjev studearre yn [[Moskou]], krige yn 1822 in oanstelling by it ministearje fan útlânske saken yn Sint-Petersburch en wurke neitiid in lang skoft by de Russyske ambassade yn [[München]]. Yn München rekke er fereale op de grevinne [[Amalie Adlerberg|Amalie Lerchenfeld]], mar dat waard neat en hy rekke hast belutsen by in duel mei syn kollega en konkurrint, Baron [[Aleksander fan Krüdener]] (op 19 jannewaris, 1825). Letter doe't se beide troud wiene waarden se goede freonen.
 
Yn 1826 troude er [[Eleonore Peterson]] (grevinne Bodmer), mar yn 1833 foel syn each op [[Ernestine Dornberg]] (baronesse Pfeffel). Eleonore besocht doe harsels te koart te dwaan. Guon miene dat er om reden fan troubrek, mei alle opskuor anneks, oerpleatst is nei de ambassade yn [[Turyn (stêd)|Turyn]] yn 1838. Turyn befoel him net dat hy naam ferlof, mar sûnder tastimming fan syn sjef dat hy krige dien. Yn 1844 gie Tjoettsjev werom nei Sint-Petersburch.
 
Yn 1846 moete er [[Elena Denisjeva]], de gûvernante fan syn dochters en tweintich jier jonger as him, en begûn in ferhâlding mei har. Se krigen trije bern. Elena stoar oan [[tuberkuloaze]] yn 1864. Harren relaasje hat leafdespoëzij opsmiten dy't ta it bêste yn it Russysk rekkene wurdt. It gedicht ''De lêste leafde'', wurdt faak sjoen as Tjoettsjev's masterwurk.