Liudger: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
JackieBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.5) (Bot - derby: ru:Людгер
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Utert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Utert (stêd)
Rigel 3:
 
== Libben ==
Liudgers pake wie in Fryske ealman, dy't in de tiid fan kening [[Redbad]] de side fan de [[Franken]] keazen hie en nei [[Luik (stêd)|Luik]] flechte wie. Der kaam hy in kontakt mei it [[kristendom]] en bekearde him ta dit leauwen. Syn soan troude mei in fromme kristen en út dit houlik waard Liudger berne. Liudger folge syn oplieding yn [[Utert (stêd)|Utert]] en letter stjoerden syn âlden him nei [[York]] yn [[Ingelân]]. Yn dy tiid stie de ferneamdste skoalle fan Westlik-Jeropa ûnder lieding fan [[Ealwyn]]. Letter soe dizze gelearde persoan de hofskoalle fan [[Karel de Grutte]] ûnder syn hoede krije.
 
In [[777]], yn de âldens fan 43 jier, begûn Liudger syn apostelwurk yn [[Dimter]]. Fan derút breide hy syn wurk út nei it noarden, oant de fierste úthoeken fan de Fryske wrâld. Oan it ein fan eltse simmer sylde hy fan [[Starum]] út nei [[Utert (stêd)|Utert]] om der ûnder de hjerstmoannen les te jaan oan de kleasterskoalle.