Anna Maria fan Schurman: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Utert - Verwijzing(en) gewijzigd naar Utert (stêd)
Rigel 5:
==Libben==
Se wie de dochter fan rike âlden, [[Frederik fan Schurman]] en [[Eva fan Harff de Dreiborn]]. It wie al gau dúdlik dat it famke Anna hiel tûk wie. Op har fjirde koe se al lêze. Yn dy tiid wie dat hiel bysûnder.
Yn [[1613]] nei de dea fan har heit ferhuzet se nei [[Utert (stêd)|Utert]], mei har mem en twa muoikes. Yn 1636 studearre se as de earste froulike studint op de [[Universiteit fan Utert]]. Froulju mochten yn dy tiid eins net studearje, as Anna les krige dan moast se efter in grut gerdyn sitte sadat de manlike studinten har net seagen. Anna hie ferskate ynteresses lykas literatuer en ferskillende takken fan wittenskip mar se wie foaral ynteressearre yn [[Teology]]. Se wie ynearsten in folgeling fan [[Gisbertus Voetius]], mar waard letter in folgeling fan [[Jean de Labadie]], hoewol't hja befreone bleau mei de famylje Voetius.
 
Anna Maria wie ek hiel keunstsinnich, sy makke [[gravueres]]. Dat die se troch mei [[diamant]] op glês te skrassen. Se waard in ekspert op it gebied fan byldhouwen, se koe goed modellen meitsje fan bijewaaks, ek wie se goed yn it snijen yn ivoar en hout. Se skildere en dan benammen portretten.