Beetstersweach: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Buorren - Verwijzing(en) gewijzigd naar buorren (doarp)
Rigel 13:
== Skiednis ==
[[Ofbyld:Lauswolt.jpg|thumb|''Lângoed [[Lauswolt]] yn Beetstersweach'']]
Beetstersweach wie eartiids in foarnaam doarp troch de [[adel]] dy't it oansjen fan it doarp bepaalde. No noch hat it doarp dit karakter, mids de bosken en heidefjilden en mei in [[buorren (doarp)|buorren]] mei in soad histoaryske huzen en moai oanleine tunen. De buorren binne minstens trije-en-in-heale ieu âld en de histoaryske pannen binne stille tsjûgen fan de rike adel yn de 18e en 19e ieu. De foarfaar fan dy famyljes is [[Teije Eabels]] dy’t yn de earste helte fan de [[16e ieu]] yn [[Duerswâld]] wenne. Guon út syn neiteam waarden troch it grutgrûnbesit [[grytman]].
 
Beetstersweach is in streekdoarp, ûntstien op in sânrêch dy ‘t fan Âld Beets oer Beetstersweach rjochting Drachten rint. It is fan’t westen, fan Beets út útgroeid ta in delsetting dêr ‘t adel en patrisiaat harren bûtens bouwe lieten. Yn 1622 neamde Pier Winsemius it : ''een clein dorp in zijn begrijp, tamelyck vruchtbaer, maer verciert met een schone wei behuysde ende bestrate gebuyrte''. Yn alle gefallen stienen dêr yn de twadde helte fan de [[17e ieu]] al fjouwer bûtens.