Hinnaard: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
Swarte Kees (oerlis | bydragen)
[[
Rigel 11:
'''Hinnaard''' is in doarp yn de gemeente [[Littenseradiel]], east fan [[Wommels]]. It doarp hat likernôch 60 ynwenners (2004).
 
Hinnaard is ien fan de lytste doarpkes fan Fryslân, mar likegoed is it yn it ferline net ûnbelangryk west. De [[gritenij]] en letter gemeente Hinaarderadiel hat der sels har namme oan te tankjen.Oant de [[gemeentlike weryndieling]] yn [[1984]], makke Hinnaard diel út fan de gemeente [[Hinnaarderadiel]]. Yn de lette Midsieuwen waard yn Hinnaard ek de rjochtspraak fan de [[gritenij]] hâlden. Hinnaard leit mar 500 meter súdlik fan de [[Boalserter Trekfeart]], mar it wetterbuertsje Spyk heart by it wat westliker lizzende doarp Iens. Dêr tuskenyn stie [[Sassingastate]], op it hiem stiet no in buorkerij. Tusken [[Easterein]], [[Hinnaard]], [[Iens]] en [[Wommels]] leit it greidefûgelreservaat [[Skrok]].
 
It is in offisjeel doarp fan ferspraat lizzende buorkerijen en in kearn fan noch gjin tsien gebouwen. Se steane om in lytse terp hinne mei dêrom hinne in grintpaad. Op de hoeke fan de Sassingawei in betreklik grutte wenning fan readbrune stien mei in sealdak tusken topgevels mei frissels, fermoedlik datearjend út lêst 18e ieu. Fierders stiet der wat jongere of fernijde bebouwing. Oan de oare kant fan de Sassingawei stiet in resint pân en alhiel yn de noardlike hoeke in fernijde wenning.