Ymperialisme: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
red
fw
Rigel 5:
Tusken [[1870]] en [[1914]] feroare dy efterhâldenheid radikaal. It tempo fan de Europeeske ekspânsje gie dramatysk omheech. Hast heul [[Afrika]], [[Oseaanje]] en grutte dielen fan [[Aazje]] waarden ûnder Europeesk bestjoer brocht. De Europeanen begûnen harren koloanjes systematysk te eksploitearjen. Se begûnen it meitsjen fan produkten op in moderne ekonomysk manier oan te pakken. Sa ynvestearren se yn de [[mynbou]] en [[plantaazje]]kultueren as [[tabak]], [[rubber]], [[sukroaze|sûker]], [[tee]] en [[kofje]] en ferbetteren se de ynfrastruktuer om de produkten makliker te ferhanneljen troch de oanlis fan spoarwegen en [[haven]]s. Der waarden banken en fersekeringsmaatsjkippijne opsetten en de horeka ûntwikkele him om Europeanen temjitte te kommen.
 
Mei it hieltiten groeiende Europeesk koloniaal gebiet waarden de Europeeske ideeën ek hieltiten fierder ferspriede, as earste it [[Kristendom]] en it Europeeske rjochtssysteem en op de lange duer fersprieden it [[Modern humanisme|humanisme]], [[kommunisme]] en benammen [[nasjonalisme]] har yn de koloanjes.
 
== Sjoch ek ==