Eelco Nicolaas van Kleffens: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
en
Theun (oerlis | bydragen)
ferwizings, Portegal
Rigel 5:
Van Kleffens waard beropsdiplomaat. Hy hie ferskate funksjes by it ministearje fan Bûtenlânske Saken. Yn 1939 waard hy minister fan Bûtenlânske Saken yn it kabinet-[[Piter Gerbrandy|Gerbrandy]]. Sa hat er yn Londen de oarlochsjierren meimakke. Faak moast er bemiddelje tusken [[keninginne Wilhelmina]] en Piter Sjoerds Gerbrandy.
 
Yn 'e oarloch hat er al dwaande west mei mear ynternasjonale gearwurking. Nei 1947 hat er him dêr hielendal op talein. In bekroaning dêrfan hat west dat er yn 1954/55 foarsitter waard fan de Algemiene Gearkomste fan de [[Feriene Naasjes]].
 
Nei't er pinsjonearre waard gie er mei syn Amerikaanske frou M.H. Horstman yn Portugal[[Portegal]] te wenjen. Sûnt 1950 wie hy al minister fan steat. Hy is op 17 juny 1983 ferstoarn yn Almoncugenma yn PortugalPortegal.
 
Van Kleffens hat him altyd in Fries field. Om't er dêr lânhearre wie, holde hy ek in bân mei [[Raard]]. Yn in ynterview liet er de ferslachjouwer dan ek grutsk in âlde kaart sjen, wêr't De Kleffens op oanjûn wie.
 
Om dizze bân woe er mei syn frou, neffens de famyljetradysje, yn Raard tusken syn folk begroeven wurde, en dat is ek bard.