Belfast: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
No edit summary
oanfollinkje
Rigel 1:
{{stobbe|geografy}}
{{Universele ynfoboks stêd
| namme = Belfast
Line 27 ⟶ 26:
 
De name Belfast komt fan it Ierske ''Béal Feirste'', ''mûning fan de Farset'', de rivier dêr't de stêd oan boud is. De rivier Farset is opgien yn de gruttere rivier [[Lagan (rivier)|Lagan]] en is tsjintwurdich net folle mear as in piip dy't ûnder de stêd rint.
 
Belfast leit oan de see-earm [[Belfast Lough]] en hat sa in drekte ferbining mei de [[Ierske See]]. De stêd wurdt omjûn fan hichten (Black Mountain en Cavehill). Alde gebouwen yn Belfast binne ûnder oaren de Queen's University ([[1849]]) en de City Hall ([[1903]]). Under de bêst bewarre binne twa (eardere) banken: Ulster Bank ([[1860]]) en Northern Bank ([[1769]]).
 
It grutste [[droechdok]] fan de wrâld is hjir ek. Yn dit dok waard de ferneamde [[Titanic]] boud. Fanâld oare wichtige yndustrieën binne de fabrikaazje fan it Ierse [[linnen]] en it meitsjen fan [[tou]].
 
Belfast hat twa fleanfjilden, [[George Best Belfast City Airport]], oan de râne fan de stêd by Holywood, en [[Belfast International Airport]], ûnder [[Lough Neagh]].
[[File:Cavehill, Belfast.jpg|thumb|left|Cave Hill oersjocht Belfast]]
==Skiednis==
De omkriten fan Belfast binne al sûnt de [[brûnstiid]] bewenne, en oerbliuwsels fan forten út de [[izertiid]] binne noch te sjen. Oan de mûning fan de rivier waard foar it earst yn [[1177]] in (Normandysk) kastiel boud troch [[John de Courcy]]. It kastiel en de oanswettende delsetting waarden tweintich jier letter wer ferneatige en de regio kaam ûnder it bewâld fan de famylje O'Neill. Belfast bleau lykwols in frijwat lyts plak yn de [[Midsieuwen]].
 
Yn de iere [[17e ieu]] festigen har Ingelsen en Skotten yn Belfast, nei it plan fan Sir [[Arthur Chichester]], om it gebiet te [[koloanje (steatkundich)|kolonisearjen]] (''The Plantation of Ulster''). Dit hie hie reboelje fan de autochtone befolking fan gefolgen yn [[1641]]. Letter luts Belfast in protte [[Hugenoaten]] oan, dy't dêr de linnenyndustry opsetten. Belfast waard ek it sintrum fan it Ierske [[protestant|protestantisme]].
 
De tsjinstelling tusken de [[Roomsk-katolike tsjerke|katolike]] en protestanske befolkingsgroepen oppenearre him fral yn de [[19e ieu]]. Sûnttiid wurdt de stêd pleage troch de ferdieling en it skeel tusken de katoliken en de protestanten. Yn 1920-22 waard Belfast de haadstêd fan Noard-Ierlân neidat it Ierske eilân ferdield wie. De Ierske Unôfhinklikheidskriich dêroan anneks koste 500 ynwenners fan Belfast it libben. Belfast waard swier bombardearre yn de [[Twadde Wrâldkriich]]. Yn 1941 stoaren sa'n 1000 minsken by in Dútsk bomardemint, tûzenen rekken harren huzen kwyt.
 
De stêd waard ek hurd rekke yn de striid (''The Troubles'') tusken 1960 en 1997. De helte fan de slachtoffers yn dat tiidrek foel yn Belfast. It fjouwer-stjerren Europe Hotel yn it sintrum waard sa'n 30 kear rekke troch bomoanslaggen fan de [[Ierske Repyblikeinske Leger|IRA]]. Sûnt de wapenstilstân fan 1997 is it tal gewelddiedichheden tige sakke en is der hoop op in frede dy't bliuwt.
 
Sûnt dy tiid hat Belfast in flinke groei trochmakke. Der is in soad ynvesterre yn it sintrum, wat no in fuotgongersgebiet is, dêr't alle grutte ynternasjonale winkels fertsjintwurdige binnedie, yn in sportstadion en in modern teater (''The Waterfront Hall'').
 
<gallery>