Piter Jelles Troelstra: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Aliter (oerlis | bydragen)
Piter Jelles
Aliter (oerlis | bydragen)
Fan Stiens
Rigel 5:
 
==Biografy==
Troelstra is berne op 20 april 1860 yn Ljouwert. Fan [[1868]] oant [[1875]] hat er yn Stiens wenne. Syn jongeheit, jierren[[Jelle brochtTroelstra]], hywie trochdêr doe ûntfanger fan de belestings. Piter Jelles hat syn foarming yn Stiens krige, foaral troch de ynfloed fan syn mem. Syn libben lang hat Piter Jelles dan ek in bân mei Stiens field.

Yn middelbere-skoalletiid wie Troelstra al in fel strider en organisator en bliek er ek literêre jeften te hawwen. Hy kaam yn kontakt mei skriuwers as [[Tsjalling Halbertsma]] en [[Onno Sytstra]]. Mei dy lêste redigearre hy yn [[1881]] de dichtbondel ''It jonge Fryslân''. Mei [[Oebele Stellingwerf]] sette hy it toanielselskip Gysbert Japiks op.
 
Fan [[1882]] oant [[1888]] studearre Troelstra rjochten yn [[Grins (stêd)|Grins]]. Syn literêre aktiviteiten sette hy troch. Hy siet yn de redaksje fan it literêre tydskrift ''For hûs en hiem'' en fan it ''Nij Frysk lieteboek'', dat yn [[1886]] ferskynde. Tagelyk ûntwikkele Troelstra him mear en mear as polityk strider, sawol yn de [[Fryske beweging]] as yn de sosjalistyske.
Line 18 ⟶ 20:
 
Nei it útbrekken fan de Russyske revolúsje, seach Troelstra kânsen om de Nederlânske befolking yn [[1918]] ta in sosjalistyske revolúsje oer te heljen. Oan syn oprop waard suver gjin gehoar jûn. Foar Troelstra wie dat in grutte teloarstelling. Hy luts him stikje by bytsje werom út de polityk. Yn de lêste jierren fan syn libben skreaun hy ûnder de titel ''Gedenkschriften'' syn memoares. Op [[12 maaie]] [[1930]] is er yn De Haach ferstoarn.
 
Nei syn dea yn 1930 waard yn Stiens besletten om de âlddoarpsgenoat mei in monumint te betinken. Dit monumint is der yn [[1933]] kommen. Dat koe mei stipe fan leden fan de [[Fryske beweging]], ek fan harren dy’t har yn politike sin gjin geastferwant fan Troelstra fielden. It is dan ek foaral in earbetoan wurden oan de dichter en skriuwer Piter Jelles. Op it monumint stiet: Oantinkings fan Piter Jelles Frysk skriuwer en dichter Fen de Friezen 1933
 
Yn [[1973]] eare de gemeente Ljouwert Troelstra troch in nije literatuerpriis, de [[Piter Jellespriis]], nei him te neamen. Ek is de ISM [[Pieter Jelles]], yn Ljouwert en omkriten, neamd nei Troelstra.