Man (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
Rigel 26:
[[Ofbyld:Lânkaart_fan_man.gif|left|thumbnail]]
 
Man leit tusken 54º en 55º noarderbreedte en hjoi tusken 4º en 5º westerlingte. It is likernôch 48 km lang fan noard nei súd en fan 13 oant 24 km breed fan west nei east. It grûnoerflak fan it eilân is likernôch 572 km².
 
Yn it súdwesten en it noarden fan it eilân lizze twa heuvelrêgen. De iennichste berch op it eilân is de 621 meter hege [[Snaefell]], yn it noardeasten. Neffens in âlde Manske siswize kin men fan ’e top dêrfan sân keninkriken lizzen sjen: Man, [[Skotlân]], [[Ingelân]], [[Ierlân]], [[Wales]], de Himel en dat fan Neptunus. Tusken de beide heuvelrêgen troch rint in sintrale delling fan ’e westkust oant ’e eastkust. Oan ’e eastlike ein dêrfan, leit [[Douglas]] (Mansk: Doolish), de haadstêd fan Man. It uterste noarden fan it eilân bestiet út in marine sedimintaasjeflakte.