Henk-Jan Held: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
MeinRei (oerlis | bydragen)
aktueel
MeinRei (oerlis | bydragen)
oanfolling
Rigel 28:
Henk-Jan Held die twaris mei oan de Olympyske Spullen. Yn [[Olympyske Simmerspullen 1992|1992]] waard er by de [[Follybal op de Olympyske Simmerspullen 1992|Simmerspullen]] yn [[Barselona (stêd)|Barselona]] mei de [[Nederlânske follybalploech (manlju)|Nederlânske ploech]] twadde efter [[Brazylje]]. Fjouwer jier letter wie er lid fan de Nederlânske ploech dat goud ferovere yn Atlanta troch [[Itaalje]] yn de finale mei 3-2 te ferslaan. Sûnt [[2001]] hat Held de Italjaanske nasjonaliteit. Om't Itaalje nea Olympysk goud wûn hat, is Held de ienige Italjaan mei Olympysk goud yn it follybal. Yn totaal hat Henk-Jan Held 375 ynterlannen spile foar de Nederlânske ploech.<ref>[http://www.volleybal.nl/include/files//Bestanden/Oranje/InterlandoverzichtHerenSenioren2009.pdf Ynterlannen oersjoch NeVeBo]</ref>
 
Yn [[maaie]] [[2008]] beëinige Held syn karriêre yn de âldens fan 40 jier. Nei syn aktive karriêre besleat er om follybaltrener te wurden. Sa waard op 22 maart 2011 bekend dat er assistint-trener wurde soe fan de Nederlânske manljusploech. Hy sil dêrby âld-ploechgenoat [[Edwin Benne]] assistearje, dy't [[Peter Blangé]] opfolget. As wichtichste doelstelling hat it twatal it heljen fan de Olympyske Simmerspullen fan 2016 yn Rio de Janeiro. Henk-Jan Held sil sowieso oant 2012 de rjochterhân wêze fan Edwin Benne.<ref>[http://nos.nl/artikel/227437-benne-nieuwe-coach-volleybalmannen.html "Benne nieuwe coach volleybalmannen", NOS.nl, 22 maart 2011]</ref> <ref>[http://www.volleybal.nl/index2.php?pid=80&taalkeuze=1&archweek=12&newsid=4246 "Henk Jan Held assistent-coach Oranje volleybalmannen", volleybal.nl, 22 maart 2011]</ref>
 
== Sjoch ek ==