Man (eilân): ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
KamikazeBot (oerlis | bydragen)
L r2.6.4) (Bot - derby: tt:Мэн утравы
MeinRei (oerlis | bydragen)
st en fw
Rigel 37:
Man waard nei gedachten net earder as de [[5e ieu|fyfde ieu nei Kristus]] kolonisearre troch Gealsktalige stammen út [[Ierlân]]. Der binne guon argeologyske oanwizings fûn dat it eilân foar dy tiid troch Welsktalige minsken bewenne west hawwe kin. De namme fan Man is ôflaat fan [[Mannanan]], de Keltyske god fan ’e see.
 
Oer de skiednis oant likernôch 800 is net in protte bekend. Mûglik is it in pear kear troch buorlannen oermastere. Yn de [[9e ieu]] begûnnenbegûnen de ynfallen fan de Wysingen. Om 850 hinne wie harren ynfloed op Man sa sterk wurden, dat se it bestjoer oernamen en Man losmeitsje koenen fan ’e Skotske Hebriden.
Yn 1266 waard it [[Ferdrach fan Perth]] sletten tusken [[Noarwegen]] en Skotlân. Dêrby waard Man mei alle oare Noarske eilannen, útsein de [[Orkaden]] en [[Sjetlâneilannen|Sjetlân]] ferkocht oan Skotlân. De Ingelske kening [[Edward I]] bemastere Man yn 1290, doe’t yn [[Skotlân]] ferskate eallju om ’e (lege) troan fochten, mar yn [[1313]] kaam it wer by Skotlân te hearren, doe’t de Skotske kening [[Robert Bruce|Robert I]] nei in belis fan fiif wiken it kastiel fan Rushen ynnaam. Fan likernôch 1320 ôf bestie der in wat betize tastân en wie Man noris yn Ingelske en dan wer yn Skotske hannen.
 
Nei't Man yn [[1333]] foargoed Ingelsk besit waard, waard it yn 1405 besit fan de Stanley-famylje. De tiid dat it Hûs Stanley oer Man hearske (1405-1736), wie ien fan ’e bettere snuorjes út ’e Manske skiednis. Nei de dea fan James II Stanley, yn 1736, kaam Man yn it besit fan de famylje Murray, en yn [[1765]] koft it Britske regear it eilân om it smiokkeljensmokkeljen tsjingean te kinnen. Goed in ieu lang, fan 1765 oant 1866, stie Man dêrnei streekrjocht ûnder Britsk bestjoer. Yn 1866 krige Man selsbestjoer en ûntstie de steatkundige sitewaasje sa’t dy hjoed de dei noch is, mei Man los fan it Grut-Brittanje. Hoewol’t dat selsbestjoer yn ’t earstoan yn ’e praktyk noch net in soad foarstelde, boeken de Mansklju sûnt dy tiid in opmerklike foarútgong. Yn de rin fan de 20e eiuieu hawwe der oplibbingssoplibbings west fan de Manske kultuer en de Manske Taal.
 
== Befolking ==
Neffens in rûzing út july 2005 hat Man goed 75.000 ynwenners, dêr’t likernôch in trêde part fan, goed 25.000 minsken, yn ’e haadstêd [[Douglas]] wennet. Dêrmei hat it eilân in befolkingstichtens fan 133 minsken perde km².
 
Yn 2000 wie 18% fan ’e befolking fan Man jonger as fyftjin jier en 17% âlder as 65. Neffens in rûzing út 2005 leit it persintaazje fan ’e befolkingsgroei op 0,52%, mei 5,47 migranten, 11,69 berten en 11,98 stjergefallen per tûzen ynwenners. De poppestjerte is 5,93 per tûzen berten (2005) en yn 2000 wie de libbensferwachting 74,98 jier foar manlju en 81,87 jier foar froulju. It totale fruchtberenspersintaazje wie 1,65 bern perde frou.
 
== Godstsjinst ==
Rigel 58:
Troch de ieuwen hinne hat it oan sterke ynfloeden fan benammen it [[Noarske taal|Noarsk]] en it [[Ingelske taal|Ingelsk]] bleatstien. Lykwols bleau it oan ’e njoggentjinde ieu ta yn gebrûk as sprektaal èn as bestjoerstaal. Dat it Mansk fan likernôch 1830 ôf hieltyd mear terrein priisjaan moast, lei net oan druk fan boppe-ôf troch in Ingelsktalich regear, mar oan it gefoel dat in protte Mansklju sels hienen, dat se allinne mar mei koenen yn ’e wrâld as se Ingelsk sprutsen. Dêrtroch waard der sa op it Mansk delsjoen, dat de âlden it harren bern net mear learden. Om 1910 hinne wie it hielendal út it iepenbier ferdwûn en waard it allinne noch mar yn it húslike fermidden sprutsen en, iroanysk genôch, yn guon offisjele ynstellings dêr’t stevich yn tradysjes ferankere wie, lykas de tsjerke en rjochtspraak.
 
It djiptepunt kaam foar it Mansk yn ’e santiger jierren. Yn 1974 stoar Ned Maddrell, dy’t neffens taalkundigen de lêste wie dy’t it Mansk as memmetaal hie. Sûnt ’e jierren tachtich makket de taal lykwols in opmerklike oplibbing troch, eat dat foar in grut part te tankjen wie oan in lytse hurde kearn fan lju dy’t it Mansk as twadde taal fan harren pakes en beppes leard hienen. Neffens de folkstelling fan 1991 hienen doe 650 ynwenners fan Man kennis fan it Mansk, al moat oannommen wurde dat der grutte ferskillen bestienen tusken de nivo’s fan dy kennis. Yn 1992 waard it Mansk wer ynfierd as skoalfak en der is no sels in skoalle dêr’t al it ûnderwiis yn it Mansk bart. Neffens de folkstelling fan 2001 sprutsen doe 1.689 minsken it Mansk as twadde taal, wylst der ek foar it earst yn jierren wer bern (27, om presyskrekt te wêzen) wienen dy’t it Mansk as memmetaal hienen.
 
=== It Mansk-Ingelsk ===