Ko: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Wikiice (oerlis | bydragen)
L Fandalisme werom Sette
No edit summary
Rigel 3:
[[Ofbyld:Koe in weiland bij Gorssel.JPG|thumb|right|250px|In ko yn in greide by [[Gorssel]]]]
[[Ofbyld:Zwitserse koe.jpg|250px|thumb|Switserske ko]]
[[Ofbyld:Zwitserse koe.jpg|250px|thumb|Switserske ko]]
In '''ko''' is in froulik [[kobist]]. It is in [[Sûchdieren|sûchdier]] en wurdt yn Nederlân foaral foar de produksje fan [[molke]] hâlden en yn it twadde plak foar de produksje fan [[fleis]]. In molkko jout sa'n 25 liter molke deis. In ko wurdt likernôch 315 dagen yn it jier molken. Dit komt del op in trochsnee produksje fan 7875 liter molke de ko yn't jier. Guon kei meitsje yn harren libben wol 100.0001 liter molke.
 
In ko kin sa'n 2 jier âld wurde. Tsjintwurdich wurdt in ko lykwols mar 0,51 oant 10,3 jier.
== Kij yn Fryslân ==
Oan de Harnzer Singel yn Ljouwert stiet in grut brûnzen byld fan in ko. It is makke yn 1954 en stelt de ideale Fryske [[stamboek]]ko foar. ‘Us mem’ hjit it byld yn de folksmûle. Fryslân hat yndie in soad oan de ko te tankjen – mei har molke en bûter en mei it ferneamde Fryske stamboekfee hat de provinsje namme makke. Boppedat is de ko, hast sûnt de âldste tiid, ien fan meast konstante eleminten yn de Fryske skiednis. De ko wie der earder as de minsken dy’t harsels foar it earst Fries neamden. De mooglikheden foar it ûntstean fan kultuer wurde bepaald troch it lânskip. Argeologysk ûndersyk lit sjen dat krekt yn it noardwesten fan Europa, lâns de kust fan de Noardsee, it oantal kij relatyf heech lei. Dat lei ek yn de reden, want hjir wiene de libbensomstannichheden foar it fee geunstich. Om genôch fretten te hawwen hat de ko op it kwelderlân ien bunder grûn nedich, tsjin seis hektare op sângrûn. Dit ferklearret ek it letter betreklik hege oantal bewenners fan it Fryske terpegebiet. It hat lang duorre oant it safier wie. De âldste bewenning yn it tsjintwurdige Fryslân datearret fan ûngefear 11000 foar Kristus. Troch de [[iistiid]] lei de see folle leger as tsjintwurdich en wie it lânskip noch in kâlde en bare toendra dêr’t minsken op rindieren jagen en fiedsel samlen. Pas nei de ein fan de leste Iistiid (±. 8.000 foar Kristus) feroare it klimaat sa dat der beammen begûnen te groeien. Dêrnei naam de bewenning geandewei ta, mar dizze bestie noch wol sa’n 5000 jier benammen út omreizgjende jagers en samlers.