Pieter-Jan Postma: ferskil tusken ferzjes

Content deleted Content added
Robbot (oerlis | bydragen)
L Botgeholpen doorverwijzing: Medemblik - Verwijzing(en) gewijzigd naar Medemblik (plak)
MeinRei (oerlis | bydragen)
fw + [[]]
Rigel 1:
[[Ofbyld:Pieter-Jan Postma U1.jpg|thumb|right|220px|''Pieter-Jan Postma (2010)'']]
'''Pieter-Jan Postma''' ([[It Hearrenfean (plak)|It Hearrenfean]], [[10 jannewaris]] [[1982]]) is in [[Nederlân]]sk [[SileSilen|siler]] yn de [[Finn (sylboat)|Finn]]klasse.
 
Postma groeide op yn [[Terkaple]] en gie nei de Hafû op [[De Jouwer]]. Al jong sylt er yn de kearnploech en sylt yn de Optimist syn earste Europeesk Kampioenskip. Op syn fyftjinde docht er mei oan it WK yn Dublin. Meidat er in soad op it wetter is ferbetterje syn nasjonale resultaten yn in de Laser Radiaal.
Hy docht mei oan de [[Snitswike]] en oan treningswiken op de [[Middellânske See]].
 
Nei de Hafû giet hy op syn santjinde nei de Hegere Seefeartskoalle op [[Skylge]]. Neist syn stúdzje en it studinteleven docht er ek oan surfen en stapt oer op de Laser. Yn desimber 2000 giet er sân wike nei [[Sydney]] foar it WK jeugd en wurdt dêr tsiende. By it WK wurdt er 58ste en by it EK 21 ste. Nei syn staazje stoppet er in skoftke mei de stúdzje om him ta te lizzen op de Olympyske Spullen fan 2004. Hy treent fjouwer moanne mei Tom Slingby (de wrâldkampioen yn 2007) en Michel Blackburn (wrâldkampioen yn 2006) yn Austraalje, mar slagget krekt net foar dielname oan de OS. Wol wint er dat jier de Snitswike en wurdt boppedat Nederlânsk Kampioen.
 
Yn maart 2005 stapt Pieter-Jan oer nei de Finn en yn 2006 makket er syn stúdzje ôf. De treningen wurde effektiver en mentaal sterket er oan. Hy wurdt 6e yn Miami, 2e yn Fort Lauderdale, 3e yn Palma, 7de yn Hyeres en 2e yn [[Medemblik (plak)|Medemblik]]. Sulver wint er op it WK en sulver op de Pre-Olympics. Hy krijt dan in eigen keamer yn [[Amsterdam]].
Yn 2008 die Pieter-Jan Postma mei oan de [[Olympyske SpullenSimmerspullen 2008]] yn [[Peking]] dêr't hyer gjin medalje wûn.
 
== Prizen ==