Ferskil tusken ferzjes fan "Subtropysk klimaat"

st
(st)
[[Ofbyld:Subtropical.png|thumb|right|300px|''It subtropysk gebiet.'']]
 
It '''subtropysk klimaat''' (ek wol it '''semisemy-tropysk klimaat''' neamd) is it klimaat dat fuort besuden en benoarden fan de [[Tropen|tropyske klimaatsône]] leit. Dizze gebieten wurde wol de '''subtropen''' neamd. De subtropen lizze globaal tusken de 23,5 en de 40 graden noarderbreedte en 23,5 en 40 graden suderbreedte. Subtropyske gebieten hawwe in tropyske [[simmer]], mar en net-tropyske [[winter]].
 
De subtropen kinne fierders ûnderferdield wurde yn droege, winterwiete, simmerwiete en altydwiete subtropen.
Yn de meast brûkte definysje, de [[Klimaatdefinysje fan Köppen]], wurdt de term al hielendal net mear neamd. Köppen set it subtropysk klimaat ûnder by de matige klimaten. De temperatuer fan de waarmste moanne leit gemiddeld boppe de 22 °C, wylst de temperatuer fan de kâldste moanne gemiddeld tusken de -3 °C en 18 °C leit. Der binne wiete simmers en droege winters of oarsom. Dit giet op foar it waarme [[mediterraan klimaat]] (Csa-klimaat op de ferdieling fan Köppen), it waarme sinaklimaat (Cwa-klimaat) en it waarme [[seeklimaat]] (Cfa-klimaat).
 
De klimatolooch John Griffiths brûkt in oare definysje. Hy makket gebrûk fan de definysje dat lokaasjes mei in temperatuer fan gemiddeld tusken de 6  °C en 18  °C yn de kâldste moanne subtropysk binne.
 
Glenn Trewartha makket gebrûk fan de definysje dat in klimaat subtropysk is as der acht of mear moannen fan in jier in temperatuer fan gemiddeld boppe de 10 °C hawwe, wylst der yn elts gefal ien moanne is mei in temperatuer fan gemiddeld ûnder dan 18 °C.
56.977

bewurkings